Sykje earst nei de minst skealike kabelrûte troch it Waad, is it MER-advys

It Waadgebiet by Skiermûntseach © Shutterstock.com (T.W. van Urk)
Foar't oare saken ûndersocht wurde, is it goed om earst de minst skealike rûte troch it Waadsee te finen om kabels del te lizzen, dy't wynmûnen op see mei it fêstelân ferbine moatte. Dat advisearret de Kommisje foar de MER (miljeueffektrapportaazje).
Minister Rob Jetten foar Klimaat en Enerzjy hat de Kommisje om in advysrapport frege. "Dat rapport is een wettelijke verplichting, maar ook verstandig om te doen", seit Kees Slingerland fan dy Kommisje.
Yn sa'n miljeueffektrapport komt te stean wat de effekten op it miljeu binne fan ferskate rûten en techniken. "Een dergelijke afweging moet heel zorgvuldig gemaakt worden, door van tevoren een studie te doen", leit Slingerland út.
De Kommisje jout yn 't foar advys oer wat der yn it rapport komme moat en nei de tiid advys oer de kwaliteit fan it rapport.

Hokker rûte

Earder hat al bliken dien dat de Eemshaven it bêste plak is foar kabels om op lân te kommen en oan te sluten op it enerzjynet. "Of misschien moet je zeggen: de minst slechte locatie. Nu die keuze gemaakt is moet er verder onderzocht wordt welke route dan het meest verstandig is."
By it Eemshavengebiet yn Grinslân © Shutterstock.com (Aerovista Luchtfotografie)
De oanlis fan kabels sil gefolgen hawwe foar it Natura2000-gebiet dat it Waad is. "Het meest spannende stuk van de trajecten is de Waddenzee. Dat is een zeer kwetsbaar gebied en als je daar een kabel doorheen legt, dan heeft dat effect op de natuur. We hebben gezegd: kijk daar nou als eerste naar, voor je werk in allerlei andere studies stopt."

Natura2000 it grutste knyppunt

Neffens Slingerland sil dat ek it meast beslissend wêze yn 'welke routes uiteindelijk op de zeef blijven liggen.' It Natura2000-gebiet kin it grutste knyppunt wêze. Dêrom moatte de miljeu-effekten ûndersocht wurde en moat der sjoen wurde oft der kompensearjende maatregels nedich binne.
Oare aspekten binne dat it plan rekken hâlde moat mei archeologyske fynplakken, lykas skipswrakken, en dat it ek de skipfeart net al te bot yn de wei sitte moat.

Gjin 'Nord Steam-risiko's'

In nijsgjirrich punt is de feiligens. "Met de rampen die we met Nord Stream hebben gehad, is veiligheid een bijzonder aspect geworden. Je moet nadenken of je voldoende in de gaten kunt houden of er geen verkeerd gebruik wordt gemaakt van de kabels of dat er in een uiterst geval terroristische activiteiten plaatsvinden."
It ferfier fan gas mei Nord Stream 1 waard dit jier sabotearre nei't eksploazjes yn de Eastsee de piiplieding skansearren. De sabotaazje hat mei de oarloch fan Ruslân en Oekraïne te krijen, al wurdt dêr noch ûndersyk nei dien.
De Kommisje komplimintearret it ministearje mei dat sy ek al goed oer de takomst neitinke. "Dat zowel het tracé dat nu voorligt als de toekomst in z'n algemeenheid in ogenschouw genomen worden. Daar wordt het wel erg gecompliceerd door, maar dat is wel nodig om niet in de toekomst spijt te hebben van keuzes die je nu maakt."
It besteande wynmûnepark Gemini fan Skiermûntseach ôf © ANP
Sa wurdt ek sjoen oft der mooglikheden foar kabels dy't net allinne elektrisiteit, mar ek wetterstof ferfiere kinne. It op see produsearjen fan wetterstof en dat mei kabels oanslute op in wetterstofnetwurk soe yn de takomst mooglik nijsgjirrich wêze kinne.
In oare suggestje is in 'tunnelbak' dêr't yn de takomst mear kabels en ferbiningen troch kinne, al is dat 'wat futuristisch', sa't Slingerland it seit.
De bedoeling is dat de wynmûnen binnen tsien jier oansletten binne. "Er zit een behoorlijke tijdsdruk op, maar de stappen die voorliggen zijn eenduidig en helder en kunnen wel een verantwoord traject borgen." En sa moat it, fynt Slingerland. "We zijn allemaal heel trots op de Waddenzee, dus we moeten dat zorgvuldig doen."