Nehemia wiis mei it weromkommen fan foargonger Bottenbley yn Dokkum

Peter van der Kloet fan Nehemia © RTV NOF
De bekende foargonger Orlando Bottenbley wurdt predikant yn Dokkum. Hy folget takom jier Kees Postma op by de Frije Baptistegemeente Nehemia.
Bottenbley is benammen bekend as foargonger fan de Bethel-gemeente yn Drachten, dêr't er yn 2017 ophold. Bottenbley stie ek oan de oarsprong fan Nehemia en dêr binne sy dan ek wakker wiis dat er weromkomt.
Doe't Orlando Bottenbley yn 1988 by Bethel yn Drachten begûn wie it noch in lytse gemeente. Mei troch tadwaan fan Bottenbley groeide de Betheltsjerke yn de rin fan de jierren út ta ien fan de grutste baptistegemeenten yn Nederlân, mei tusken de 3.000 en 4.000 besikers by de sneinstjinsten.
Riedslid en âlderling Peter van der Kloet fan Nehemia sjocht út nei de komst fan Bottenbley nei Dokkum. Hy hopet dat Bottenbley it betrouwen op en it leauwen yn God oerbringe kin. Neffens Van der Kloet hat de gemeente yn Dokkum potinsje om te groeien.
Bottenbley © Omrop Fryslân
Bottenbley hâldt syn hjoeddeiske wurksumheden yn Amsterdam foarearst oan by de tsjerklike gemeente De Verbinding.