Minister Helder seit alles deroan te dwaan om Thialf iepen te hâlden

Minister Conny Helder yn de Twadde Keamer © ANP Foto
Sportminister Conny Helder seit der "alles aan te doen om ijsstadion Thialf in Heerenveen open te houden" mar se kin net in "blanco cheque" tasizze.
Se sei by in debat oer de sportbegrutting tsjin de Twadde Keamer dat se no gjin hurde tasizzing dwaan kin, omdat se "afhankelijk is van wat de mogelijkheden zijn".

Seizoen mooglik net ôfmakke

Thialf hat grutte noed oer it fuortbestean fanwege de heech oprinnende enerzjykosten. Neffens direkteur Minne Dolstra is it net iens wis dat it hjoeddeistige profesjonele reedrydseizoen ôfmakke wurde kin as kompensaasje út de oerheid wei útbliuwt.
Neffens Thialf binne de enerzjykosten no noch te dragen, mar fan 1 jannewaris ôf soene dy mear as ferdûbelje. Dêrtroch soe in begruttingstekoart fan mear as 1 miljoen euro ûntstean.

Al moannen dwaande

De minister sei moandeitejûn dat se al moannen dwaande is mei Thialf om te kommen ta in sûne takomst en ferduorsuming. De enerzjykosten komme dêr no noch by. De kommende wiken sil se yntinsyf oerlis hâlde mei Thialf en eventueel stakeholders. "Daar gaan we op de een of andere manier uitkomen."
Helder sei dat se it topsportsintrum echt wichtich fynt foar de Nederlânske reedrydsport en de ynternasjonale kompetysje.
De Keamer wol se uterlik foar it krystreses útslútsel jaan. Neffens de SP en de PvdA is dat te let, omdat it enerzjykontrakt begjin takom jier al ôfrint.

Hearrenfean bliuwt yn ûnwissigens

Wethâlder Sybrig Sijtsma (PvdA) fan de gemeente Hearrenfean fynt it spitich dat se noch langer yn ûnwissigens holden wurde. "Dit is nog niet genoeg voor ons om te zeggen we kunnen weer met een gerust hart naar de toekomst kijken", seit Sijtsma.
De wethâlder hat wol it idee dat der yn Twadde Keamer genôch stipe is foar it iisstadion. "Het is nog niet helemaal uitgesproken hoe de steun eruit moet zien, maar mijn idee is dat ze zeker de urgentie van het probleem zien."
Wethâlder Sybrig Sijtsma fan de gemeente Hearrenfean