Arriva wol mear treinen ynsette, mar kampt noch hieltyd mei personielstekoart

In trein tusken Frjentsjer en Harns © ANP
Ferfierder Arriva rydt mei yngong fan snein 11 desimber mei mear treinen yn Noard-Nederlân. Op hast alle stasjons komt tenei minstens twa kear yn it oere in trein.
Allinnich yn Dronryp en Deinum kinne se yn de nije tsjinstregeling net rekkenje op twa treinen yn it oere. It nije skema is foarlein en ôfstimd mei de provinsjes Fryslân en Grinslân en konsuminteplatfoarms ROCOV en OV Consumentenplatform.

Noch altyd personielstekoart

Arriva jout as slach om de earm wol mei dat der noch net oeral en altyd genôch personiel wêze sil. Dêrom sille der ek situaasjes foarkomme dat der minder treinen ride sille.
Dat lêste is net nij. Arriva hat al langer te krijen mei in personielstekoart. Earder spile dat benammen yn Grinslân, mar no falle der ek yn Fryslân ritten út.
"Dat hat ferskate redenen", sei wurdfierster Jacoba Hoeksma fan Arriva earder dit jier. "It is ûnder oare noch it gefolch fan de coronapandemy: minsken dy't lang siik binne, operaasjes dêr't op wachte wurde moat, opliedingen dy't útsteld binne."