Minder jokterûpen, mar we komme der noait hielendal fan ôf

Bestriding fan de ikeprosesjerûp © ANP
De noardlike provinsjes ha noch hieltyd de measte ikeprosesjeflinters, mar ek nearne nimt it tal flinters sa hurd ôf as yn Noard-Nederlân.
Lanlik binne der de ôfrûne moannen 68 prosint minder flinters fongen as ferline jier, meldt natuernijswebside Nature Today. Yn Fryslân giet it sels om in delgong fan 71 prosint, seit biolooch Arnold van Vliet fan de Wageningen Universiteit.
Ek it persintaazje beammen mei ikeprosesjerûpen lei dit jier 18 prosint leger as in jier lyn: fan de 160.000 ûndersochte ikebeammen hie 11 prosint nêsten mei de rûpen. "We mogen blij zijn dat de aantallen rupsen blijven dalen. Het betekent dat we steeds minder overlast ervaren en dat we - landelijk gezien - terug zijn op het niveau van 2013."
Gemeenten ha flink ynset op it behearskber hâlden fan de populaasjes rûpen, troch bygelyks mei biologyske baktearjes te spuitsjen. De bêste bestriding fan de ikeprosesjerûp is neffens Van Vliet it ynsetten fan natuerlike fijannen: in kombinaasje fan fûgels en slûpbijen.

Jokterûp noch net fuort

De kâns is grut dat it takom jier tafalt mei de oantallen ikeprosesjerûpen. "Op basis van de vlinders wel. Want minder vlinders is minder afgezette eitjes en dus minder rupsen. Maar we houden een slag om de arm."
Want it is bekend dat ikeprosesjerûpen har in pear jier rêstich hâlde kinne yn de grûn en dêrnei wer opdûke, sizze saakkundigen. It wol dus net perfoarst sizze dat de jokterûp ferdwynt út Nederlân.
Dat we der net mear ôf komme, seit Van Vliet ek. "De leefomstandigheden voor de rups zijn heel goed in Nederland. Er zijn veel eiken en de weersomstandigheden zijn ook goed. Dus ondanks dat het nu achteruitgaat, verwachten we wel dat de rups veelvuldig zal blijven voorkomen."