Ljouwert slút in wente dêr't in himpkwekerij mei 344 planten wie

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
In hûs oan de Eikenstraat yn Ljouwert is sletten om't der earder dit jier in himpkwekerij fûn is. Yn de wennte hawwe 344 himpplanten stien. It hûs moat trije moannen ticht bliuwe.
Doe't de plysje op 8 septimber binnenfoel, wie de kwekerij al demontearre. De plysje fûn dêr wol 86 gram drûge himptoppen.
Twa keamers fan it hûs wiene ynrjochte as kwekerij. Dêr wie materiaal foar, lykas koalstoffilters, lampen, fentilatoaren en groeimiddels.
Op basis fan de Opiumwet hat boargemaster Sybrand Buma de wente no sletten, om nije drugshannel en oerlêst te kearen. It is dit jier de 27ste wente dy't troch de boargemaster sletten is.