Sietske Poepjes: "Sa koart mooglik sûnder echte heechlearaar Frysk"

Deputearre Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
De Ryksuniversiteit Grins sil him ynspanne om sa as gau mooglik in nije heechlearaar Frysk te beneamen. Deputearre Sietske Poepjes en kommissaris fan de Kening Arno Brok ha dat ôfpraat mei foarsitter Jouke de Vries fan it kolleezje fan bestjoer fan de universiteit.
De RUG makke earder bekend dat professor Frysk Goffe Jensma net opfolge wurdt troch in nije heechlearaar, mar troch Anne Merkuur as universitêr dosint yn dieltiid.
Dat beslút wurdt troch in soad minsken sjoen as 'degradaasje en útholling' fan de universitêre stúdzje Frysk en kaam de universiteit op in soad krityk te stean. Net allinnich Fryske organisaasjes protestearren, mar ek de polityk is kritysk.
Tiisdei stimde de Twadde Keamer hast unanym foar de moasje fan Habtamu de Hoop fan de PvdA foar in wetlike ferankering fan wittenskiplik ûnderwiis yn it Frysk. Allinnich de Fractie Den Haan stimde tsjin.
It akademygebou fan de Ryksuniversiteit Grins © ANP
Deputearre Sietske Poepjes is bliid mei dy politike druk út Den Haag. "Ik bin der bliid mei dat in groep Fryske Keamerleden dwers troch alle politike kleuren hinne foar it Frysk oan it wurk is. Dat is dikke prima."
De moasje fan De Hoop waard mei yntsjinne troch CDA-Keamerlid Harry van der Molen en ek stipe troch Keamerleden as Romke de Jong fan D66 en Harry Bevers fan de VVD.
Foar it oansjen fan it Frysk en de provinsje is it better dat der in klassike heechlearaar is.
Sietske Poepjes
Poepjes seit dat se har wol wat foarstelle kin by de fûle reaksjes op it beslút fan de universiteit om foarearst gjin nije professor te beneamen as opfolger fan Jensma. "In professorleas tiidrek is net optimaal. Foar it oansjen fan it Frysk en de provinsje is it better dat der in klassike heechlearaar is."
De deputearre rekkenet derop dat de universiteit op koarte termyn en mooglik noch dit kalinderjier dochs noch in heechlearaar Frysk beneamt njonken universitêr dosint Merkuur. "Wy wolle sa koart mooglik sûnder echte heechlearaar sitte."

Groeie nei folweardige stúdzje

De provinsje en de RUG hawwe ek oerlein oer it 'akademysk sterker' meitsjen fan de stúdzje Frysk. Hoe't de Ryksuniversiteit dat krekt dwaan wol, is lykwols noch net dúdlik.
De provinsje wol dat de stúdzje Frysk in 'robúste master frisistyk' krijt ûnder lieding fan in heechlearaar mei in folsleine oanstelling. De stúdzje Frysk wurdt de lêste jierren oanbean as 'track' binnen de oplieding 'Minorities and Multilingualism'. De provinsje beskôget dizze situaasje as in 'groeimodel' nei in folweardige masterstúdzje.