Teleks: Sietske Poepjes – Sa koart mooglik sûnder echte heechlearaar Frysk

logo.ensafh

De Ryksuniversiteit Grins sil him ynspanne om sa as gau mooglik in nije heechlearaar Frysk te beneamen. Deputearre Sietske Poepjes en kommissaris fan de Kening Arno Brok ha dat ôfpraat mei foarsitter Jouke de Vries fan it kolleezje fan bestjoer fan de universiteit.
De RUG makke earder bekend dat professor Frysk Goffe Jensma net opfolge wurdt troch in nije heechlearaar, mar troch Anne Merkuur as universitêr dosint yn dieltiid.
Dat beslút wurdt troch in soad minsken sjoen as ‘degradaasje en útholling’ fan de universitêre stúdzje Frysk en kaam de universiteit op in soad krityk te stean. Net allinnich Fryske organisaasjes protestearren, mar ek de polityk is kritysk. Tiisdei stimde de Twadde Keamer hast unanym foar de moasje fan Habtamu de Hoop fan de PvdA foar in folweardige stúdzje Frysk mei in eigen heechlearaar.

Lês fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *