Sjauffeurs yn learlinge- en soarchferfier stake 24 oeren foar bettere cao

Learlingeferfier © ANP
Sjauffeurs fan in tal bedriuwen yn it learlinge- en soarchferfier lizze hjoed foar 24 oeren it wurk del. De fakbûnen hawwe moannenlang ûnderhannele, en mei in petysje 2.500 hantekenings ophelle, mar neffens FNV hat dat net holpen.
Under oare taksybuskes fan Dorenbos en Witteveen ride net. Learlingen wurde dus net ophelle om nei skoalle brocht te wurden, mar it giet ek om minsken dy't gewoanwei nei de deibesteging riden wurde.
It oerelean is leech. "Na elf jaar werken is het uurloon, in de hoogste trede, is 14,59 euro", seit Elis Tillema-Rost Onnes fan it fakbûn FNV. De wurkjouwers wolle dêr yn de nije cao wat by dwaan, mar dat is net genôch, fynt it fakbûn. "In 2023 komt er 8 procent bij en een jaar later nog 4 procent, maar dat is in deze tijd van hoge inflatie niet genoeg. Dat is een te grote gok als je zo'n laag salaris hebt en de meeste chauffeurs krijgen geen voltijdscontract, ook al zouden ze dat wel willen."

Noed oer wachtdagen

In oar punt fan soarch binne de wachtdagen. De earste syktedei wurdt net betelle. Yn it nije oanbod wurdt dy earste dei wol betelle mar as de wurknimmer binnen in moanne wer siik is, is dat wol in wachtdei. By de fjirde kear siikmelden wurde twa wachtdagen rekkene. "Dat vinden de chauffeurs niet eerlijk, net als de pauzeregeling. De chauffeurs werken hard, ook hier is een personeelstekort en ze maken lange dagen waarin er soms is niet eens tijd is voor een volledige pauze."
Elis Tillema-Rost Onnes fan it fakbûn FNV
Fakbûn CNV docht net mei oan dizze aksje om't se it ferbettere oanbod oan de leden foarlizze. "De FNV vindt het een verslechterd aanbod en dat zit met name in de wachtdagen." As de wurkjouwers net mei in better foarstel komme, slút it fakbûn mear aksjes net út.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
By it FNV- kantoar yn Ljouwert stienen moarns betiid al minsken dy't har as staker ynskriuwen woenen. Eins moatte je 50 oeren yn de wike wurkje wol it rendabel wêze, sei ien fan de stakers.
"We binne der klear mei, ik wol net stake, mar we ha gjin kar mear", sei ien fan de stakers. Al 650 minsken binne dit jier ophâlden yn de sektor, der is in grut tekoart oan sjauffeurs.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort prate mei ien fan de stakers (1)
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort prate mei ien fan de stakers (2)