De Hûnekop wol mei 'Wy kam fram Fryslân' op nûmer 1 yn de Top 2000 komme

Emiel Stoffers yn de nijste klip fan De Hûnekop © Omrop Fryslân
Twarres stie mei 'Wêr bisto?' ferline jier op nûmer 1843 en De Kast mei 'In Nije Dei' op 976, mar as it oan De Hûnekop leit, stiet der dit jier nóch in Frysk nûmer yn de Top 2000.
De Fryske band ropt hiel Fryslân op om massaal op har hit 'Wy kam fram Fryslân' te stimmen.
"We roppe hiel Fryslân op om in hantsje te helpen", seit Emiel Stoffers, sjonger fan De Hûnekop. "We ha earder in kear aksje fierd om it nûmer 'Ik wie smoar' fan Oele Plop op nûmer 1 yn de Fryske top 100 te krijen en dat is slagge, dus we sille no sjen dat we Queen even oan kant krije."
De band sil kampanje fiere op social media. "En ik ha in pear leuke staazjerinners, dy sille te stickerplakken. As we in Facebook-berjocht meitsje en as elkenien alle minsken tagt dy't er ken, dan is elk gau op de hichte. Dan wol hiel Fryslân wol op ús stimme."
It soe toch moai wêze as we in nûmer oer Fryslân op nûmer 1 yn de Top 2000 krije?
Emiel Stoffers fan De Hûnekop
Hy sjocht it as ien grut aventoer. "It soe toch moai wêze as we in nûmer oer Fryslân op nûmer 1 yn de Top 2000 krije? Dat is ien grut feest." Hoefolle stimmen oft der nedich binne, wit Stoffers net. "Gjin idee, alle ynwenners fan Fryslân, dat moat fêst genôch wêze."
"Mei in top 10-notearring binne we ek wol tefreden, hear. As we it net helje, is it trochstutsen kaart", laket er. "Ek foar de Fryske top 100 mei trouwens op it nûmer stimd wurde, ek al is it in Ingelsktalich nûmer."
Fan moarn ôf kin op de Top 2000 stimd wurde, dat kin oant en mei woansdei 7 desimber 15.00 oere.
Emiel Stoffers