Onderzoeksraad voor Veiligheid docht fierder ûndersyk nei boatûngelok by Skylge

De skea oan de Tiger is goed te sjen nei de oanfarring © SRFotografie
De Onderzoeksraad voor Veiligheid is klear mei it ferkennende ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok yn it Schuitengat by Skylge. De ried begjint no mei in ûndersyk nei de oanfarring en de omstannichheden by it ûngelok.
De ried hat ynformaasje garre en mei de belutsen partijen sprutsen. Op basis dêr fan gean se no fierder.
By de oanfarring tusken snelboat De Tiger fan Doeksen en wettertaksy Stormloper op 21 oktober kamen trije minsken om it libben, ien jonkje fan 12 wurdt noch hieltyd fermist. Fjouwer minsken rekken ferwûne.