Acht, seis en fjouwer jier selstraf foar haadfertrochten binde fan Wolvegea

By de ynfal troch de plysje yn 2020 © Omrop Fryslân
De trije bruorren dy't sjoen wurde as lieders fan in binde yn Wolvegea krije legere straffen as easke. De rjochtbank fynt se skuldich oan ûnder oare drugshannel en wytwaskjen en feroardiele de haadfertochten ta acht, seis en fjouwer jier sel.
Net ien fan de haadfertochten wie by de útspraak oanwêzich, neffens it Iepenbier Ministearje wurde sy fluch nei de finzenis brocht.
De saak hat de namme 'Strauss' krigen. De drugsorganisaasje, ek wol bekend as de 'binde fan Wolvegea', wie belutsen by de útfier fan kokaïne en heroïne, mei Noarwegen as einbestimming. De haadfertochten binne bruorren fan inoar en wurde sjoen as de lieders fan de organisaasje.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie yn de rjochtbank foar de saak-Strauss
De saak kaam yn desimber 2020 foar it earst yn it nijs. Nei de oanhâldingen trochsocht de plysje twa wenningen op It Hearrenfean, fjouwer yn Wolvegea en in tal bedriuwspannen yn Wolvegea.

Kriminele organisaasje

Neffens de rjochter wie der sprake fan in kriminele organisaasje. Alles wat dien waard hie as doel om drugs yn 'e rjochting fan it bûtenlân te smokkeljen. Ek wie der sprake fan it wytwaskjen fan jild.
By de ynfal troch de plysje yn 2020 © Omrop Fryslân
De trije bruorren hawwe dêr allegear in rol by hân. Ibrahim A. en Amada A. hienen in liedende rol by dy organisaasje, sa stelt de rjochtbank fêst. Neffens de rjochter binne alle opleine saken bewiisd. Dochs krijt hy net de easke tsien jier, mar acht jier selstraf oplein.

Straffen falle leger út

Ibrahim kaam ek as earste oan bar, want hy hie yn koördinearjende rol by heroïnetransport. Ibrahim hat him skuldich makke oan fiif drugstransporten, it dumpen fan ôffal, wytwaskjen en ûnder oare de liedende rol by de kriminele organisaasje.
Sân jier lang hat hy jild wytwosken. Hy ried yn djoere auto's en struide mei jild troch minsken drankjes oan te bieden. De rjochtbank ferwyt him ek min mei oare fertochten omgien te wêzen. Hy makke misbrûk fan har swakke finansjele posysjes.
Justysje © Shutterstock.com
Fertochte Hamada A. wie de âldste broer. Ek foar him jildt dat hy feroardiele wurdt foar ûnder oare wytwaskjen en it dielnimmen oan in kriminele organisaasje.
Syn rol binnen de groep stiet neffens de rjochtbank fêst. Mar ek by Hamada falt de straf leger út: gjin acht jier, mar seis jier selstraf is him oplein.

Gebrûk makke fan kwetsbere persoanen

Ek by him it ferwyt dat hy gebrûk makke fan koeriers mei jildpine, faak kwetsbere persoanen dy't no mei problemen sitte. Dêrneist waard ek gebrûk makke fan saneamde 'katvangers'. Dat binne minsken dy't bygelyks in auto op namme hienen dy't fan ien fan de fertochten wie. Ek as it misgie lieten de bruorren gjin meilibben sjen.
By de ynfal troch de plysje yn 2020 © Omrop Fryslân
Hamada wie hurd, oardielet de rjochter. Sa as yn it gefal doe't ien fan de koeriers oppakt waard yn Noarwegen en it der op like dat er de sel yn moast foar lange tiid. It wie Hamada dy't klage oer it ferlies fan jild omt de drugs ferlern gien wienen. De 'katvangers' bleaune sitten mei hege skulden. Mar dêr hiene de bruorren gjin each foar.
As tredde kaam Emad oan bar. Dy hearde seis jier tsjin him easkjen, mar waard feroardiele ta fjouwer jier selstraf.

De oare 14 fertochten

Neist de trije haadfertochten stiene der woansdei noch 14 minsken foar de rjochtbank.
Tsjin in 32-jierrige Grinslanner wie 4 jier sel easke, wêrfan 18 ûnder betingst. Omt hy ûnder oare syn libben bettere hat, falt syn straf ek leger út. De rjochtbank feroardielt him ta twa twa jier selstraf, wêrfan ien ûnder betingst. Hy wie ferantwurdlik foar it fersnijen en ferpakken fan de drugs.
De fiifde fertochte, in 29-ierrige frou út de Noardeastpolder, moat fjouwer moannen de sel yn. Hjir wie de eask tsien moannen, wêrfan fjouwer ûnder betinkst. Neffens de rjochtbank holp sy koeriers as dy ûnder oare jild nedich hienen foar tol.
De heit fan de brourren moat ien jier de sel yn. Hy regele in pear fan de transporten. Under oare it transport dat mislearre nei't in auto yn Sweden ûntdutsen waard. De eask wie 20 moannen.
In 21-jierrige man fan Noardwâlde moat fiif moannen de sel yn. Tsjin him wie tsien jier easke. Neffens de rjochtbank stiet fêt dat by ien fan de drugstransporten belutsen wie.
In 36-jierrige ynwenner fan Noardwâlde moat 5 moannen de sel yn. Hjir wie de eask 10 moannen. Hy regele in hierauto foar ien fan de transporten. De rjochtbank hâldt yn it fonnis rekken mei it feit dat de man in lichte ferstanlike beheining hat.
In 40-jierrige Ljouwerter moat tsien moannen de sel yn. Hy hat neffens de rjochtbank ferantwurdlik west foar it fersnijen fan drugs. De eask wie hjir 20 moannen.
In 22-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean krige seis moannen. De eask wie ien jier. Syn rol siet benammen yn it finansjele part fan de organisaasje. Hy makke him skuldich oan ûnder oare wytwoskjen en stelde ek syn rekken beskikber foar jild fan de fertochten. Ek wurdt hy sjoen as ûnderdiel fan de kriminele organisaasje.
In 21-jierrige frou hearde tsien moannen easkjen. Sy regele koeriers. De rjochtbank lei har in taakstraf fan 240 oeren op.

Om it jild te dwaan

In 23-jierrige frou út Grou moast har ferantwurdzje foar ien fan de mislearre drugstransporten. Se stimde nei't se frege waard fuort yn. It wie har om jild te dwaan.
Yn stee fan it ôflossen fan skulden woe se it jilddat se krige brûke foar it setten fan in tatoeaazje en it keapjen fan merkklean. Sy waard oppakt yn Noarwegen en is letter útlevere oan Nederlân. Sy moat twa jier de sel yn werfan ien ûnder betinkst. De eask wie ek hjir heger, trije jier.
In 22-jierrige ynwenner fan Emmeloord moat fiif moannen de sel yn foar syn rol by de transporten. In 28-jierrige frou út Nagele dy't yn Noarwegen oanhâlden is en dêr trije moannen fêst siet foar in drugstransport moat twa jier de sel yn. Ien jier is ûnder betingst.
De lêste dy't feroardiele waard, wie in 30-jierrige man út Eemnes. Hy die ien fan de slagge drugstransporten. De 30-jierrige man moat trije jier de sel yn, de eask wie 4,5 jier. Ien fan de 17 fertochten is frijsprutsen.