Súdwest-Fryslân stekt Ryksjild yn mentaal wolwêzen fan bern nei corona

Skoalle oppakke wol lang net altyd goed mei de klachten fan de coronatiid © Shutterstock.com (fizkes)
De gemeente Súdwest-Fryslân stipet de kommende trije jier skoallen om it wolwêzen fan de bern te ferbetterjen. De gemeente hat dêrfoar 1,9 miljoen euro fan it Ryk krigen.
De stipe komt omdat de coronaperioade hurd oankaam is by skoallen, berneopfang en sportklubs. It oantal jongelju dat him iensum, trystich en depressyf fielt, is tanaam mei de coronatiid. Neffens de gemeente hat dat ek ynfloed op de ûntwikkeling fan learlingen en op har mentale sûnens.
Mei jild út it 'Nationaal Programma Onderwijs' stipet it Ryk de kommende jierren skoallen. Dêryn is omtinken foar bern dy't fertraging op skoalle oprinne.
"Gelukkig zien we dat veel kinderen en jongeren hun draai weer hebben gevonden. Daar waar dat nog niet vanzelf gaat, hebben we nu met het NPO-plan extra capaciteit om ondersteuning te bieden", sa seit wethâlder Petra van den Akker.

Training en trochferwize

In part fan it jild giet nei de skoallen en de berneopfang mar ek Stichting Sociaal Collectief, dat mei jongereinwurkers aktiviteiten foar jongelju organisearret. Der wurde ferskate trainingen en coachingsprogramma's foar learkrêften, sosjaal wurkers en begelieders fan betelle.
Der wurdt coacht op it werkennen, signaleren en oanpakken fan de problemen. Dat kin ek it trochferwizen nei in oare helpynstânsje wêze. Ek wurde der mear skoalmaatskiplik wurkers foar oannaam.
Yn 't foar is der mei organisaasjes sjoen wêr't skoalbern krekt ferlet fan hawwe, de kommende tiid sil toetst wurde oft de ekstra stipe effekt hat.