KFPS wol 'genetyske lânkaart' fan it Fryske hynder fia grut DNA-ûndersyk

In Frysk hynder © ANP
It hynstestamboek wol in wiidweidich ûndersyk dwaan litte nei it DNA en de erflike gebrekken by de populaasje Fryske hynders. De lederied stimde unanym yn mei it plan.
De Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden-Stamboek (KFPS) wurket dêrfoar gear mei Wageningen University & Research. It ûndersyk 'Behoud het Friese paard' sil fjouwer jier duorje.

Ferskaat

De bedoeling is dat der in database komt mei wiidweidige genetyske ynformaasje. De KFPS wol it genetyske ferskaat behâlde, erflike gebrekken tsjingean en úteinlik sa it Fryske hynder bewarje. Mei in 'genetysk managementplan' en seleksje wol de KFPS dat foarinoar krije.

Genetyske risiko's

Yn it ferline is it Fryske hynder ferskate kearen drastysk yn populaasje fermindere, wêrnei't de populaasje ek wer tanaam. Dat hat foar 'genetyske flessehalzen' soarge, oftewol in delgong oan genetysk ferskaat.
Yn kombinaasje mei it faak brûken fan in beheind tal populêre hynsten en it sletten karakter fan it stamboek, leit te grutte yntylt en kâns op gebrekken op de loer. Hoewol't de yntyltwearde leger leit as fêststelde grinswearden, wol it KFPS gjin risiko rinne.
Fryske hynders op 'en paad © ANP
Foarbylden fan gebrekken dy't faker foarkomme binne sloktermferlamming, it skuorren fan de aorta, problemen mei de mage of in fermindere fruchtberens.

Testen by fôlen

Takom jier wol it KFPS úteinsette mei in DNA-bepaling ûnder sa'n 3.500 fôlen. Mei hiermeunsters moat der in genetyske test dien wurde. De meunsters kinne by registraasje ôfnaam wurde.
De lederied hat ôfrûne wykein ynstimd mei it plan. Dat moat sa'n trije ton kostje, dêrfoar siket it KFPS noch partijen dy't mei-finansierje wolle.
It ûndersyk wurdt begelaat troch Wageningen UR-ûndersikers Marije Steensma en Bart Ducro. Steensma is ek bestjoerslid by JongKFPS.