Minister Adema folget Fryske oanpak by opromjen slachtoffers fûgelgryp

Jiskepûden mei deade stirnsen © ANP
De Fryske oanpak fan it opromjen fan deade wylde fûgels mei fûgelgryp krijt lanlike neifolging. Minister Piet Adema - sels ek in Fries - fynt it wichtich dat der 'regionale koördinaasje' komt, krekt as yn Fryslân.
Natuurmonumenten neamt Fryslân al langer as in foarbyld fan hoe't it moat. De organisaasje fynt al in skoft dat it dúdliker wurde moat wa't ferantwurdlik is foar it opromjen fan deade fûgels.
Adema hat dêr woansdei in plan foar presintearre, sadat it opromjen fan de deade besmette fûgels yn bygelyks greiden en by wetter better koördinearre wurdt. Dat is wichtich, omdat de kadavers it firus noch oerbringe kinne op oare wylde fûgels, oare bisten of sels minsken.
Yn Fryslân hat de Veiligheidsregio in skoft lyn al de rezjy yn hannen naam. Dy koördinearret it opromjen fan de slachtoffers en fersoarget ek de foarljochting oan it publyk.
"Die regie hoeft niet altijd bij een veiligheidsregio te liggen, ook provincies of gemeentes kunnen de regie oppakken", seit it ministearje oer it nije plan. Salang't der mar dúdlik wurdt wa't it docht.
Minister Piet Adema © ANP
Fierder komt der ynkoarten in app en in lanlik telefoannûmer om deade wylde fûgels te melden. Wetterskip Fryslân hat al sa'n app ûntwikkele. Begjin 2023 moat dy lanlik beskikber wurde.
Guon natuer- en bistehelporganisaasjes fine de plannen fan minister Adema net genôch. Sy woenen bygelyks dat terreineigeners ferplichte wurde soenen om kadavers op harren grûn op te romjen.

Biste-organisaasjes pleitsje foar mear

DierenLot en Wildopvang.nl neame de plannen fan de minister "een stap in de goede richting", mar se wolle mear. "Het ministerie legt de verantwoordelijkheid neer op basis van vrijwilligheid bij eigenaren van grond waar een dier met vogelgriep terechtkomt, oftewel provincies, gemeenten, natuurorganisaties, waterschappen, boeren en zelfs particulieren die zelf maar met een vuilniszak een besmette vogel naar een inzamelpunt moeten brengen als ze daar zin in hebben."
Dêrnjonken wolle DierenLot en Wildopvang.nl finansjele stipe fan de oerheid, want yn de praktyk komme boargers faak by de twa organisaasjes út as se deade fûgels fine.

'Urginsje is nedich'

Se freegje ek om mear ûndersyk nei de oerlibbingskânsen fan fûgelgrypslachtoffers yn it wyld. Wittenskipper Thijs Kuiken seit bygelyks dat wylde bisten opknappe kinne fan de fûgelgryp as dy fersoarging krijt en yn isolaasje giet. "Door dit te faciliteren bij bijvoorbeeld wildopvangcentra met strikte quarantaine en hygiënemaatregelen, biedt dit kansen voor immuniteit van wilde vogels die weer vrijgelaten kunnen worden. Hierdoor kunnen populaties zich mogelijk herstellen en versterken."
Wat de twa organisaasjes oanbelanget moat de fûgelgryp as nasjonale ekologyske ramp beskôge wurde, wêrby't it Ryk en de feilichheidsregio's mei-elkoar yn aksje komme. "Urgentie is geboden om passende maatregelen door te voeren die verder gaan dan deze leidraad."