Dokumintêre oer de mins efter Alvestêdewinner Reinier Paping: "It wie in hiel leave man"

Reinier Paping yn febrewaris 2021 © ANP
Reinier Paping stiet bekend as de held fan de Alvestêdetocht fan 1963, mar wa wie de persoan efter de winner? Dy fraach stiet sintraal yn de dokumintêre 'Paping, zo vrij als een vogeltje'.
De dokumintêre waard ferline jier makke, flak foar de dea fan de haadpersoan op 20 desimber 2021. Paping waard njoggentich jier. De reedrider hie as bynamme 'het vogeltje'.
De makkers Ramon Hoogerhuis en Evert Haagsma hiene de bylden krekt op tiid draaid. "Helaas heeft Paping zelf de gemonteerde versie niet gezien." De film is al fertoand yn Ommen, Dokkum en woansdei yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean.
De dokumintêre oer Reinier Paping yn it teäter © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn de dokumintêre wurdt Paping folge oant it momint dat er him ynskriuwt foar de Alvestêdetocht. Hy giet werom nei plakken fan froeger, lykas de iisbaan fan Kollum dêr't er foar it earst in langebaanwedstriid ried.
"Ook vertelt hij uitgebreid over de liefde van zijn leven, zijn gezin en zijn drang om vrij te willen zijn", fertelt Haagsma. "Momenten van passie, wanhoop, maar ook over verdriet. Momenten die 'het vogeltje' deden vliegen over het ijs."
It wie in hiel leave man. Wy hienen gewoan in klik.
Alvestêdetochtwinneres Klasina Seinstra oer Reinier Paping
Nei ôfrin fan de fertoaning yn it Posthuis Theater waard fierder praat oer de minske Reinier Paping, mei ûnder oaren Klasina Seinstra. Sy ried de Alvestêdetocht yn 1997 en wûn by de froulju.
"It wie in hiel leave man", fertelt Seinstra. "Wy hienen gewoan in klik. As we in reüny hienen of in oare offisjele gelegenheid, dan sochten we inoar altyd wer op. Dan kamen de moaie ferhalen foarby. Ik wie neffens him mar in 'broekie'. Elk jier waarden de ferhalen steviger en sterker. It wie altyd hiel gesellich."
Mooglik is de film yn jannewaris op telefyzje te sjen, wannear't de swiere tocht fan 1963 sechstich jier lyn is. "We zijn er druk mee bezig", seit Haagsma.