Hilaard krijt nije wenningen op plak âlde skoalle: "Der is ferlet fan yn it doarp"

Nijbou (argyf) © Omrop Fryslân
Hilaard is wiis mei nijbou yn it doarp. Untwikkeler Toeck sil op it plak fan de eardere basisskoalle yn it doarp wenten bouwe. Dat is besletten troch B en W fan de gemeente Ljouwert, dy't it leechsteande gebou oan de Hoptilsterdyk foar 230.000 euro ferkeapje sil oan de ûntwikkeler.
Op it plak komt it projekt Erf Elawerth. Der komme maksimaal sân keapwenten foar starters, senioaren en húshâldingen.
De gemeente Ljouwert hat mei it doarp gearwurke om ta dit plan te kommen. Der wiene trije partijen dy't in plan yntsjinne hiene. It plan fan ûntwikkeler Toeck krige de measte punten. De lokaasje wurdt oerdroegen oan de ûntwikkeler as minimaal santich persint fan de wenten ferkocht is. Dêrnei kin úteinset wurde mei de bou.
Op dit stuit wenje der tydlik minsken yn de âlde skoalle om kreak te foarkommen. Dy minsken sille op syk moatte nei in nije lokaasje.
Wiebe Wierda, foarsitter doarpsbelang Hilaard © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Wiebe Wierda is foarsitter fan doarpsbelang Hilaard. Hy kin syn gelok net op no't it doarp mei 300 ynwenners nei tweintich jier wer nije wenningen krijt. "Der is ferlet fan yn it doarp. Ik hoopje dat minsken harren oanmelde."
Wol fynt er it noch hieltyd spitich dat de skoalle yn 2019 ticht moast om't der te min bern wiene. "Mar dat dêr no nijbou delset wurdt, is wol hiel moai."