Friese Poort en Friesland College nei fúzje fierder as Firda

Carlo Segers, Alice Müller en Remco Meijerink fan it nije kolleezje fan bestjoer © Jacob van Essen
De nije fúzjeskoalle fan Friesland College en Friese Poort krijt de namme Firda. Dat is hjoed bekend makke. Firda komt fan it Sweedske wurd foar 'fiere'.
De bestjoeren fan beide mbû-skoallen fusearje op 1 jannewaris, de fúzje moat op 1 augustus hielendal klear wêze. Ien fan de doelen fan de fúzje is om lytse en relatyf djoere opliedingen yn stân hâlde te kinnen.
As nije namme woenen se wat ha mei in 'noardlike klank', want de fêstigingen fan de skoallen steane yn Fryslân en yn it noarden fan Flevolân. Boppedat moast it in koarte en krêftige namme wêze.
"Bij Firda vieren we de verbinding", seit Remco Meijerink, hy sit yn it nije kolleezje fan bestjoer fan Firda. "Wij verbinden ons graag met de omgeving."