Argewaasje om rotonde op It Hearrenfean smyt wethâlder offisjele klacht op

De rotonde © Omrop Fryslân
Argewaasje om in rotonde hat wethâlder Jaap van der Veen fan gemeente Hearrenfean in offisjele klacht opsmiten. Ferskate bewenners fan de wyk Hearrenfean-midden fiele harren denigrearjend behannele troch de wethâlder by in kommisjegearkomste dêr't plannen foar werynrjochting fan de rotonde bepraat waarden.
It giet om de rotonde dy't de Burgemeester Falkenaweg, de Rottumerweg en de Oranje Nassaulaan mei-inoar ferbynt. De gemeente seit dat it tanimmende ferkear dêr freget om in werynrjochting fan it gebiet en wol de rotonde ferfange troch in krusing mei ferkearsljochten.

Klacht tsjin wethâlder

De bewenners yn 'e omkriten fan de rotonde binne it dêr allinnich net mei iens. Neffens harren kin it moarns en middeis wolris drok wêze, lykas by wedstriden fan sc Hearrenfean of eveneminten yn Thialf, mar binne der gjin grutte problemen mei de trochstreaming.
Wol ha sy in probleem mei de plannen fan de gemeente. Dêrfoar moatte beammen kapt wurde foar asfalt, wylst de trochstreaming der krekt minder fan wurde soe. Ien en oar is yn in resinte kommisjegearkomste sa út 'e hân rûn dat der in klacht yntsjinne is tsjin wethâlder Jaap van der Veen.
We zijn heel boos en pissig nadat het is geëscaleerd bij een commissievergadering.
Wim Zweerts oer de klacht dy't yntsjinne is tsjin wethâlder Jaap van der Veen
"We zijn heel boos en pissig nadat het is geëscaleerd bij een commissievergadering", seit Wim Zweerts út namme fan de bewennersgroep Rotonde-Midden. "Mensen zijn toen boos weggelopen. Niet vanwege het proces of het voorgenomen besluit, maar vanwege zijn gedrag."
Zweerts wennet op de Burgemeester Falkenaweg yn 'e buert fan de rotonde. Ferskate bewenners waarden lulk by de kommisjegearkomste, nei eigen sizzen om't se 'denigrerend en beledigend' behannele binne troch de wethâlder.

'Geen probleem met doorstroming'

De bewennersgroep en de gemeente bakkeleie al jierren oer it krúspunt. De gemeente basearret har dêrby op sifers oer de trochstreaming, dy't neffens de omwenners net korrekt binne. Dêrby krije sy stipe fan ferkearsburo BVA út Zwolle, dat seit minder ferkear te sjen as de sifers dy't de gemeente nei foaren bringt.
Dizze rotonde op It Hearrenfean soarget foar in soad argewaasje
"We zien 's ochtends een kleine spits, en ook aan het eind van de middag", leit Zweerts út. "Maar waar is dat niet? In feite loopt het hier prima door op de dag." De omwenners sjogge de needsaak fan de feroarings dan ek net. "We hebben zelf verkeersdeskundigen ingeschakeld, maar alles wordt gewoon van tafel geveegd. 'Het is allemaal al geregeld, wat maak je je druk?' krijg je dan te horen. Nou, we maken ons zeker druk. Ga daar maar vanuit."

Alternatyf

Age Hartsuiker is gemeenteriedslid foar Heerenveen Lokaal. Hy begrypt de omwenners en fynt ek dat se gelyk ha. "Wy fine stopljochten net mear fan dizze tiid. Boppedat ha ûndersiken oantoand dat rotondes feiliger binne, soargje foar in bettere trochstreaming en it is noch folle goedkeaper ek."
De politikus wol tongersdeitejûn in alternatyf foarstelle. "Lit it hjir earst sa't it is. Dizze rotonde foldocht oant 2030 oan alle easken fan trochstreaming. Meitsje no earst it wurk dien oan de op- en ôfritten by de ôfslach Oranjewâld. Sjoch dan letter oft it echt nedich is om hjir stopljochten del te setten, sa't de wethâlder tinkt."
Rotonde op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
Tongersdeitejûn wurde de plannen bepraat yn de gemeenteried. Wat dêr ek útkomt, de bewennersgroep seit klear te wêzen foar in lange, juridyske striid.
In wurdfierder fan wethâlder Van der Veen lit op fragen fan Omrop Fryslân witte dat hy foarearst ôfsjocht fan in ynhâldlike reaksje. Hy wol earst de riedsgearkomste ôfwachtsje.