Amelanner sneltsjinst hâldt op mei nachtlik ferfier: "Aderlating voor bereikbaarheid"

In boat fan Veltman Marine Services © Veltman Marine Services
Op Amelân is skokt reagearre op it beslút fan Veltman Marine Service om fan 1 jannewaris 2023 ôf op te hâlden mei it ferfier fan persoanen as it tsjuster is. Beheinende regeljouwing soarget foar dit beslút en Veltman krijt gjin fergunning om de tsjinst fuort te setten.
"Als gevolg van de Wet Natuurbescherming zien wij ons genoodzaakt onze dienstverlening bij donker te stoppen", sa lit Richard Veltman fan it bedriuw witte.
Veltman fersoarget al 30 jier in sneltsjinst tusken it eilân en de fêste wâl. Se binne 24 oeren deis, 7 dagen yn 'e wike en 365 dagen yn it jier te berikken. Fan it nije jier ôf sil dit allinnich noch tusken sinne-opgong en sinneûndergong wêze foar oertochten.

Noed op it eilân

Fan it eilân ôf komme ferskate besoarge berjochten. Yn de ôfrûne jierren binne der nammentlik troch it bedriuw in soad 'weardefolle' fearten makke bûten de feartsjinstregeling, om bygelyks eilanners by in famyljelid te krijen dy't op stjerren lei yn it sikehûs.
"Ook de politie, brandweer en ambulancepersoneel deden regelmatig een beroep op onze dienstverlening, net als technisch personeel en nutsbedrijven als er een storing of gaslek was", lit Veltman witte.

"Aderlating voor de bereikbaarheid"

"Het is een aderlating voor de bereikbaarheid van ons eiland, dat is wel wat de algemene tendens op het eiland", vertelt Jeanet de Jong. "Erg jammer, weer een verbinding die wegvalt", fertelt in oare eilanner.
Foar ûndernimmer Veltman hat it in lange 'striid' west. "Al 12 jaar zijn we bezig om een ontheffing te krijgen, maar inmiddels ben ik uitgeprobeerd. In 2010 heeft Rijkswaterstaat uitgevaardigd dat varen bij donker voor schepen kleiner dan 20 meter beperkt is tot 20 km/uur in het Waddengebied. Voor schepen groter dan 20 meter geldt deze beperking niet."

Veltman mist 'ruggensteun' fan ferskate partijen

Yn de ôfrûne tolve jier hat Veltman in bedriuw ynskeakele om mei farweibehearder Rykswettersteat, de Provinsje en it ministearje fan Ynfrastruktuer & Wettersteat ynfolling te jaan oan de wetlik beane romte. Ien fan de opsjes wie dat de sneltsjinst fan Veltman ûnder de skippen grutter as 20 meter falle soe.
De twadde opsje wie oantoane dat de oertochten fan Veltman gjin skea oan it miljeu tabringe. Boppesteande partijen stipen neffens Veltman yn de ôfrûne tolve jier net om de fergunning rûn te krijen.
Sûnder in fergunning yn it ramt fan de Wet Natuerbeskerming hat it bedriuw net it foech om by tsjuster fluch te farren mei har skippen. Dit is okkerdeis juridysk beoardiele en befêstige.

Debat

"Het gaat ons enorm aan het hart dat we deze stap moeten maken. Voor ons is er geen hoop meer dat de overheid ons ruimte biedt om met onze schepen een 24/7/365 dienstverlening voor de Amelander gemeenschap te blijven verzorgen", sa skriuwt Veltman yn in brief dy't er omstjoerde oan syn relaasjes.
Fraksjefoarsitter Caroline van der Plas fan de BBB is fan plan om jûn yn in debat in fraach te stellen oer de hiele situaasje, sa lit se op Twitter witte.