RIVM komt nei Grou om nuvere lucht; oarsaak is benzine en terpentine yn rioel

De helptsjinsten op de Jister © Kappers Media
De brânwacht krige krekt foar 12.00 oere de melding fan in nuvere lucht by in timmerbedriuw oan de Jister yn Grou.
Dy lucht waard nei alle gedachten feroarsake troch benzine en terpentine yn it rioel. Dat meldt de brânwacht.
Nei de melding ha de korpsen fan Grou en Akkrum de hiele middei dwaande west om de oarsaak te efterheljen, mar dy waard net fûn.
It RIVM waard dêrom oproppen om mei in mobile unit nei it doarp te kommen. Dy troffen in lytse hoemannichte benzine en terpentine oan yn it rioel. Mei wetter is dat trochspield. Om 21.00 oere wienen de tsjinsten it ynsidint 'meester'.
Neffens de brânwacht hat der gjin gefaar west foar it miljeu. Fanwegen it ûndersyk waarden ferskate diken ôfset. Dy binne no wer frijjûn.