'FryslânDOK sjocht fierder': Minsken en harren dreamen

FryslânDOK sjocht fierder © Omrop Fryslân
Hjoed de lêste dei fan 'FryslânDOK sjocht fierder'. Dêryn giet it oer minsken en harren dreamen. Der wurde fjouwer films presintearre, út Nederlân, Roemenië en Poalen en der wurdt neipraat mei filmmakkers.

The ballet of service (Nederlân) 15'

Op The International Butler Academy yn Limburch wurde minsken fan oer de hiele wrâld oplaat ta butler foar de ryksten. Under hege druk leare se de iuwenâlde kneepkes fan it fak. In observearjende, licht-absurdistyske film, dy't de sjogger meinimt yn de hyperperfeksjonistyke wrâld fan it butlerskip.
The ballet of service © Marlies Smeenge

Nij Each (Nederlân) 9'

Jelmer Remmers út Grou is okularist. Hy makket eachprotezes foar minsken dy't troch sykte of trauma in each ferlern hawwe. Jelmer en syn kollega Julios wurkje mei delikate presyzje oan it meitsjen fan in keunsteach, mei likefolle oandacht foar de pasjint. It is in wûnder yn dizze koarte film te folgjen hoe't sa'n proteze makke wurdt, en tagelyk sjogge we wat in nij each betsjut foar de ûntfanger.
Nij Each © Eline van Diggelen

God was here! (Roemenië, Nederlân) 27'

In leafdefolle dokumintêre fan de Roemeensk-Nederlânske filmregisseur Raluca Lupascu, oer in wûnder dat 85 jier lyn plakfûn yn Maglavit, in lyts doarpke yn Roemenië. Alle ynwenners, útsein skieppehoeder Lucian, leauwe yn dizze Godsferskining. Hy hat lykwols dit wûnder hurder nedich as dat er sels tinkt, en hy wrakselet tusken wol of net leauwe.
God was here © Raluca Lupascu

Olimpijczyk 'De Olympiër' (Poalen) 11'

It ferhaal fan in Poalske stâljonge, dy't twa hynders hat en ien grutte dream: hy wol meidwaan oan de Olympyske Spelen as springruter. Hy leart syn hynders hoe't se de hindernissen nimme moatte. Sels hat hy de heechste hindernis: de werklikheid. Wat, as syn dream by lange nei net útkomt, en hy syn libben lang dwaande is mei in sinleas besykjen?
Olimpijczyk © Jan Bujnowski

Gasten

Hjoed oan tafel by Karen Bies, trije filmmakkers om nei te praten oer harren eigen dokumintêres; Marlies Smeenge de regisseur 'The ballet of service', Eline van Diggelen de regisseur fan 'Nij Each' en Raluca Lupascu de regisseur fan 'God was here!'
Eline van Diggelen, Karen Bies, Marlies Smeenge en Raluca Lupascu © Omrop Fryslân

FryslânDOK sjocht fierder

'FryslânDOK sjocht fierder' is fan tiisdei 29 novimber oant en mei freed 2 desimber, fan 19.30 oant 21.30 oere te sjen by Omrop Fryslân.
'FryslânDOK sjocht fierder' is allinnich op telefyzje te sjen en wurdt nét online set.
Sjoch foar mear ynformaasje op omropfryslan.nl/fryslandok.