Dialooch tusken dieder en slachtoffer is 'in typysk Fryske gedachte'

Simon Vuyk mei de Bianchi Herstelrecht Courant © Omrop Fryslân
In typysk Fryske gedachte: sa neamt misdiedferslachjouwer Simon Vuyk it prinsipe fan it 'herstelrjocht'. Yn it koart: konflikten net útfjochtsje foar de rjochter, mar nei elkoar ta gean om it út te praten.
De Harnzer Vuyk kaam sels yn de jierren 80 mei it 'herstelrjocht' yn de kunde troch professor Herman Bianchi, dy't as kriminolooch ferbûn wie oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam. "Het gaat erom dat er een dialoog is tussen dader en slachtoffer."
Dat is de koarte útlis.
Foar de langere útlis moatte we werom nei de oertsjûging fan Bianchi sels. Hy fersette him tsjin it fenomeen finzenisstraf, omdat dat neffens him neat oars is as kwea mei kwea bestride. Bianchi wie grut foarstanner fan in dialooch tusken dieder en slachtoffer.
Om de gedachte fan it 'herstelrjocht' út te dragen is der in spesjale Bianchi Herstelrecht Courant. Vuyk oerlange freed de tredde edysje dêrfan oan Ingrid Spijkers, haadredakteur fan Omrop Fryslân. "Het is een gratis krant met als doel om mensen op een laagdrempelige manier kennis te laten maken met herstelrecht."
"Wat gebeurt er als je twee mensen bij elkaar brengt en de gelegenheid geeft om samen verder te kunnen met hun leven", is in fraach dy't Vuyk sintraal set. "Niet als vrienden, maar probeer samen het probleem op te lossen." It giet mear om foldwaning fan it slachtoffer as om straf foar de dieder.
Yn it strafrjocht giet it oars. "Daar heb je politie, justitie, rechtszaken. Iedereen staat ver uit elkaar, tegenover elkaar." It slachtoffer hat yn it strafrjocht hast gjin rol, allinnich dy fan tsjûge. "Het herstelrecht brengt mensen juist samen."

Gjin ferfanging fan it strafrjocht

It betsjut net dat in dieder fan in misdriuw gjin straf krije moat. It 'herstelrjocht' is ek gjin ferfanging fan it strafrjocht, leit Vuyk út. "Het is onderdeel van het strafrecht. In een strafproces kan een rechter bijvoorbeeld zeggen dat de twee mensen, dader en slachtoffer, elkaar eerst moeten ontmoeten. Niet in de rechtszaal, maar in een veilige kamer onder goede begeleiding. Ook na een gevangenisstraf kun je herstelrecht uitoefenen. Het is een aanvulling op het strafrecht."
Als je ervoor openstaat, dan leidt dat altijd tot succes.
Simon Vuyk
Belangryk is dat it allegear op frijwillige basis is: as it slachtoffer óf de dieder it net wol, dan gebeurt it ek net. "Dat is het prachtige van het systeem", fynt Vuyk. "Er wordt eerst op een professionele manier uitgezocht of partijen ervoor openstaan. Als dat het geval is, dan wordt het onder deskundige begeleiding uitgevoerd. Er zit geen risico aan."
Vuyk is der wol fan oertsjûge dat it wurket. "Als je ervoor openstaat om niet alleen de negatieve kant van elkaar te zien, dan leidt dat altijd tot succes. Altijd beter dan ervoor."
Yn de Bianchi Herstelrecht Stichting sitte in soad Friezen. Dêr hat Vuyk in ferklearring foar: Bianchi hie sels in twadde hûs yn Lollum. "Hij kwam hier al sinds de jaren 80 en hij heeft hier veel vrienden."

'Typysk Frysk'

Mar wichtiger noch: it prinsipe is neffens Vuyk in echte Fryske gedachte. "De kern is: als je een conflict met elkaar hebt - bijvoorbeeld een burenruzie - dan kun je dat uitvechten voor de rechter, maar je kunt het ook uitpraten. Dat fenomeen vind ik van nature heel veel in Fryslân terug."