Snitser swimbad Splash wachtet nerveus de jierrekken yn febrewaris ôf

Argyffoto fan de swimskoalle © Zwemschool Splash
Kommersjele swimbaden hawwe it dreech no't dúdlik is dat Den Haag de hege enerzjyrekken net kompensearret. Foar swimskoalle Splash yn Snits wurdt febrewaris in spannende moanne.
It hinget der om, sa omskriuwt eigener Helma Regts fan Splash it. "It is ôfwachtsjen hoe't it komt en oft wy iepen bliuwe kinne. In soad swimbaden hawwe it beslút al naam de doarren te sluten, mar wy wachtsje it noch efkes ôf. Wy hoopje mei kreative oplossingen der wat út te kommen, mar oars hâldt it foar ús ek in kear op."
Splash hat yn july twa waarmtepompen en sinnepanielen kocht. "Dat is in ynvestearring om ûnder de hege gasprizen út te komme. Mar de pompen brûke fansels wol in soad stroom. Dus dat is wer ôfwachtsjen oft wy dêrmei útkomme", seit Regts.
Dat wachtsjen is op febrewaris, as de jierrekken komt. "Dan is it in streek derûnder en in beslút nimme."

In lytse 13.000 euro de moanne

As it mar in bytsje kin, hopet Regts dat de swimlessen troch kinne. Mar de enerzjyprizen fiele as in wurchgreep. It gas kostet in lytse 5.000 euro en de stroom sa'n 8.000 euro de moanne.
"Wy hawwe wol in ferheging fan de tariven tapast, mar op in gegeven stuit kinne je dêryn ek net mear omheech. Want dan komme de klanten net mear", leit Regts út.
Helma Regts fan swimskoalle Splash © Helma Regts
De oerheid hat wol jild beskikber steld foar swimbaden, mar dat is net in soad en giet nei de swimbaden dy't yn hannen fan de gemeenten binne.
Regts fynt it net ûnrjochtfeardich. "Hoe fier komme je dêrmei? Wy moatte sjen dat wy sels trochkinne", fynt sy foaral. "Wy besteane no goed 25 jier en hawwe alles út eigen bûse betelle. Wy binne wend ús eigen broek op te hâlden."
Helma Regts fan swimskoalle Splash