Frysk projekt foar talintûntwikkeling wis foar de kommende trije jier

It programma fan MDT Divers mei wer trije jier fierder. Fryske wolwêzensorganisaasjes hawwe grien ljocht krigen fan it Ryk om it projekt foar maatskiplike tsjinsttiid troch te setten.
Caleidoscoop, De Skûle, Stichting Sociaal Collectief, M.O.S., Scala en Stichting Welzijn Het Bolwerk kinne fierder mei it MDT-projekt. It ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip hat subsydzje takend foar de kommende jierren.
"It wie wol in spannende perioade", jout projektlieder Wietske de Koe ta. "It ministearje beslist net samar watfoar projekten jild krije, en dan ek nochris foar trije jier. Je dogge in wiidweidige oanfraach en moatte taljochting jaan. Mar wy hawwe te hearren krigen dat wy trije jier fierder kinne."
950 jongelju helpe
De Koe is dêr mar wat wiis mei. "Wy as seis wolwêzensorganisaasjes, mar hielendal foar de jongerein. Oant no ta hawwe goed 400 jongelju meidien. As je dan trije jier troch kinne en dêrtroch nochris 950 jongelju meidwaan kinne, dan binne je dêr wiis mei."
It betsjut ek dat it sûnder de stipe min ofte mear ophâlde soe. "Dan hiene de wolwêzensorganisaasjes yn in hiel ôfslanke foarm noch wat dien, mar beslist net op dizze wize. Der sit ek mei-finansierjen fan gemeenten en organisaasjes yn, mar it hie net bestean bliuwe kinnen."
Projektlieder Wietske de Koe
MDT Divers is al twa jier aktyf yn acht Fryske gemeenten, dêr't no Weststellingwerf ek oan taheakke wurdt. Mei stipe fan jongereincoaches kinne jongelju de kâns krije har talinten te ûntdekken en te ûntwikkeljen. In foarbyld is in inisjatyf fan in famke dy't in minybiblioteek opset hat om letterswakte tsjin te gean.
In triuw yn 'e rêch
"It giet ek om it moetsjen fan nije minsken en it fan betsjutting wêze foar inoar. It is in triuw yn de rêch", leit De Koe út. "Hast in goed idee dêr'tst wol wat mei dwaan wolst, dan kinst dat organisearje. Jongelju hawwe it net altyd maklik, mentaal is it somtiden dreech. Mei soks kinne je je drive fine."
Op tsien plakken yn de provinsje kinne jongelju tusken de 12 en 30 jier frij ynrinne om yn petear te gean mei oare jongelju en coaches. It projekt rint yn Súdwest-Fryslân, Hearrenfean, Waadhoeke, Harns, Smellingerlân, Eaststellingwerf, Noardeast-Fryslân, Dantumadiel en no ek yn Weststellingwerf.