Fûgeltsjelân fan 'Botes Paradys' stadichoan nei Agrarisch Natuurfonds Fryslân

De famylje De Boer by de reuzeskries fan Tsjerkwert © Stichting Agrarisch Natuurfonds Fryslân
Tolve bunder lân by Tsjerkwert moat stadichoan yn hannen komme fan Stichting Agrarisch Natuurfonds Fryslân. De stichting wol de grûn oernimme fan melkfeehâldersfamylje De Boer.
Bote en Astrid de Boer hawwe yn totaal sa'n 50 bunder lânbougrûn, dêr't sy sa'n 90 kij op hâlde. De tolve bunder dy't nei ANF gean moat, wurdt ekstinsyf beheard.
De stichting neamt it in 'paradys foar greidefûgels', mei âlde greppels, in heech wetterpeil, in soad krûden en in lettere meandatum. Yn trochsneed binne der sa'n 90 briedsels, in soad, op sa'n beheind stik grûn.
Bote de Boer kocht syn melkfeebedriuw yn 2000. Hy seach greidefûgels ferdwinen en besleat tweintich bunder as agraryske natuer te behearen. It greidelân oan de provinsjale dyk tusken Boalsert en Warkum kaam as 'Botes Paradys' bekend te stean.

Mei kop en skouders boppe-út

"Is is echt ien fan de paradyskes fan Fryslân, dêr't in soad ljippen en skriezen sitte. It stekt der mei kop en skouders boppe-út", seit Rendert Algra fan de stichting. En dat is nedich, want it giet striemin mei de greidefûgels. "Yn de ôfrûne tritich jier is de greidefûgelstân mei tsientallen persintaazjes ôfnaam."
De kearside is dat it dreger is om aaiwytryk gers fan it lân te heljen, wat úteinlik minder molke opsmyt. Dat is dreech yn de wintermoannen, as der ekstra foer oankocht wurde moat.
Foar de famylje De Boer is it oerdragen fan it lân oan de stichting in kâns om mear gongber lân op in oar plak te keapjen, sa't de bern yn it bedriuw komme kinne. "De bedoeling is dat it bedriuw aanst nei 120 kij giet."
Rendert Algra fan Agrarisch Natuurfonds Fryslân
De stichting set foar it oernimmen in spesjale kampanje op om donaasjes byinoar te sammeljen. Dêrmei wolle sy earst fjouwer en úteinlik de hiele tolve bunder oernimme. "It lân is baarnend djoer, je prate gau oer 60-70.000 euro de bunder", seit Algra. Dus alle jeften fan lyts oant grut binne wolkom.
Agrarisch Natuurfonds Fryslân komt op foar it behâld fan greidefûgels en it Fryske agraryske kultuer- en natuerlânskip. De stichting is fan doel yn de takomst mear fan dizze projekten op te setten.