"Wenromte kostet al gau 700 euro", seit Jan (20), en dus wol er yn syn skuorre wenje

Jan Peenstra by de skuorre © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Jan Peenstra (20) wol graach yn syn skuorre wenje yn Warten. Nei de ferhuzing mei heit en mem nei Hallum mist hy de omjouwing en syn maten.
Hy wennet no yn Hallum by syn âlden. Mar dat is net wat de 20-jierrige Jan Peenstra wol. Ofrûne maitiid ferkochten syn âlden de buorkerij by Warten. Jan mist de omjouwing en syn maten, lykas it hok of it skuorke oan de oare kant fan it wetter dêr't hy in soad wie.
Dit is de skuorre dêr't Jan graach yn wenje wol
Jan hat in plan betocht. Hy hopet dat de gemeente him helpe wol en dat hy dêr wenje mei. Dat is syn dream. Mar dan moat der earst wol in wenbestimming op it skuorke komme.
Jan leart foar skilder op it Friesland College yn Ljouwert. "Wenromte kostet al gau 700 euro. Dat is eins net op te bringen. Dit hok is fan myn âlden. Om hjir te wenjen is in moaie opsje foar my. Ik mis it hjir ek. Tusken de maten."
Jan by de skuorre yn Warten © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It hok moat ferboud wurde. Dat wol hy dwaan yn 'e mande mei syn maten. Neffens him komt dat wol goed. De grutste tûkelteam leit by de gemeente Ljouwert. Dy moat it skuorke in wenbestimming jaan. "Ik haw de provinsjale griffy al in brief stjoerd. En dy hat it twa wiken lyn trochstjoerd nei de gemeente. It is no efkes ôfwachtsjen."