Friese Rijders bringe generatoaren nei Oekraïne: "Dit jout foldwaning"

Jan Witteveen by in generator © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Sa'n 100 generatoaren reizgje de kommende tiid fan Waskemar nei Oekraïne ôf. De organisaasje Friese Rijders sammelet de apparaten foar Oekraïners yn 'e kjeld.
"Wy hawwe fan Oekraïners heard dat wy as Friese Rijders 'it wetter yn de woestyn bringje'. Dat is hiel bysûnder", seit Jan Witteveen. Hy hat in loads yn Waskemar en waard koartlyn frege troch frijwilligersorganisaasje Friese Rijders om te helpen mei de ynsammelaksje.
"Dêr moast ik in tel oer neitinke, want ik haw it wol hiel drok. Mar wy kinne dy minsken dêr net yn 'e kjeld sitte litte. Stel dy foar dat ús moaie Fryslân platsmiten wie. Dan wolle wy ek holpen wurde. It wurk en de geraniums bliuwe hjir foarearst noch wol, dus ik haw de knop omset en ik gean der foar."
De generatoaren foar Oekraïne wurde ynladen troch de Friese Rijders
It is help dy't bot nedich is yn in nije faze fan de oarloch. Ruslân liket de winter as wapen te brûken, troch it bombardearjen fan enerzjy- en wetterfoarsjenningen. Dêrtroch hawwe in soad Oekraïners gjin ferwaarming.
"Wy hearden fan ús kontakten dat dêrtroch ferlet fan generatoaren is", seit bestjoerslid Wietze Visser. "De temperaturen nimme dêr rap ôf, dus generatoaren binne hurd nedich om de stroom en ferwaarming werom te krijen."
Wietze Visser fan it bestjoer © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De Friese Rijders brochten foarhinne benammen guod lykas klean, medisinen en iten nei it lân. Dat hawwe minsken hjir faak wol thús lizzen.
Mei generatoaren is soks op it earste gesicht wol dreger. "Dêrfoar moatte wy dan de boer op. Wy hawwe it bekend makke op ús webside, wy sjogge dat der in soad los komt. Der komme jeften binnen, dêr't wy nije generatoaren fan keapje kinne."
Elisabeth Prins en har man © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Witteveen is bliid dat er de knop omset hat: "Ik wurd der waarm fan. As ik hjir oan it pielen bin oan de generatoaren, wit ik dat minsken yn Oekraïne der oer in wike profyt fan hawwe. Dat is gewoan super. Wurk is wurk, mar dit jout foldwaning. Dat is noch moaier as wurk."