Planteresten út Nannewiid skept, nei útstel fan Europeeske baggersubsydzje

Der kamen flinke bulten út it Nannewiid © Henk-Jan v/d Veen (Steatsboskbehear)
Steatsboskbehear hat resten fan driuwende wetterplanten út it Nannewiid fiske. Dat ferminderet it foarmjen fan slyk, mar is just better foar it foarmjen fan iis. Yntusken is de takenning fan subsydzje foar baggerjen útsteld.
As it marke by Aldehaske ûnder in laach iis ferstoppe leit, is it Nannewiid in populêr plak om te reedriden. It Nannewiid is al jierren oan it tichtslykjen en ferlânet, wêrtroch't de mooglikheden foar rekreaasje hieltyd mear ôfnimme. Dêrom wurdt sûnt 2016 al oerlein oer de takomst.
Allinne de resten by de wâlskanten en by de stegers binne opromme troch Steatsboskbehear, mar der binne gruttere maatregels nedich.

Europeeske subsydzje

Yn maart joegen Wetterskip Fryslân, Steatsboskbehear en de provinsje Fryslân oan dwaande te wêzen om subsydzje oan te freegjen by it Europeesk Lânboufûns foar Plattelânsûnwikkeling om it Nannewiid op ekologyske wize te baggerjen.
De bedoeling wie dat der ein 2022 dúdlikens komme soe. Ferline wike waard lykwols dúdlik dat de útslach fan de takenning pas yn febrewaris 2023 folgje sil.
"Teleurstellend nieuws", ferklearre Stichting Nannewiid. Dy stichting set him yn om de mar wer yn bettere steat te krijen, mei fertsjintwurdigers fan rekreaasje, omwenners, pleatslik belangen en ferieningen. Oerheden en Steatsboskbehear hawwe yn in wurkgroep meitocht.

Utstel, gjin ôfstel

"We hadden allen gehoopt dat we met een paar weken positief nieuws zouden krijgen. Nu duurt het nog 2-3 maanden voor we zekerheid hebben. Dat is heel vervelend, maar nog altijd beter dan een afwijzing op het project", sa liet de stichting witte. Sy geane der fanút dat útstel gjin ôfstel is.
Doe't der yn 2017 noch reedriden wurde koe by de Haske © ANP
It wetter is oanwiisd as in plasse dêr't de doelen fan de 'Europese Kaderrichtlijn Water' helle wurde moatte. Dat betsjut dat it wetter uterlik yn 2027 skjin wêze moat. Troch it tichtslykjen binne swimme en surfe al twa seizoenen net goed mooglik. Dêrom hopet de stichting dat it baggerjen sa gau as mooglik kin.
De oarsprong fan it Nannewiid leit yn de turfwinning. It wetter is ûntstien troch it graven nei fean en troch de mar rint de Feanskieding, in eardere feart dy't foar turfferfier brûkt waard. De namme Nannewiid komt fan de feanbaas Nanne Dirks Drijfhout.