Buorden by it Fryske farwetter tenei ek yn it Frysk, earste by Ritsumasyl

Deputearre Poepjes by Ritsumasyl © Provinsje Fryslân
De buorden by it Fryske farwetter wurde tenei ek Frysk, dat liet deputearre Sietske Poepjes mei in filmke witte. By Ritsumasyl waard in boerd foar 'cameratoezicht' op 'e nij beplakt mei 'kameratafersjoch.'
"Tenei giet it hjir by Ritsumasyl yn it Frysk. Want Nederlân fertsjinnet mear Fryslân", seit deputearre Poepjes yn it filmke dat sy by in brêge makke hat.
Njonken dat de Fryske taal mear sichtber wurdt op de dyk, moat dat ek by de Fryske farwegen te sjen wêze. Dêr waard sneon it startsein foar jûn.
Yn april makken Poepjes en minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken ôfspraken oer de sichtberens fan de taal, as oanfolling op de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. De bedoeling wie om it Frysk yn it strjitbyld te krijen fia buorden by bygelyks diken en gebouwen.

Ofspraken yn april

Poepjes sei doe dat it in earste stap wie, sy hope dat it Ryk dêrmei in drompel oer komme soe. "Ik tink dat wol. Dat hawwe wy te tankjen oan Keamerlid Harry van der Molen en steatssekretaris Aukje de Vries. Sy hawwe in moasje ynbrocht en sein: provinsje en Ryk, meitsje ris bettere ôfspraken oer de sichtberens fan it Frysk."
De operaasje begûn mei de provinsjale ynfrastruktuer. Poepjes soe it ek moai fine as der bûten Fryslân ek 'Ljouwert' op de buorden brûkt wurdt, sei sy doe, al neamde sy dat ek in 'dreambyld.'