Brân yn wenhûs oan 'e Boerestreek yn Oerterp

It fjoer kaam boppe it dak út © Noordernieuws
Oan de Boerestreek yn Oerterp hat yn de nacht fan sneon op snein brân west. Der wie sprake fan in útslaande brân yn in wenhûs. De minsken wiene út de wenning.
De brânwacht waard om 01.50 oere hinne ynskeakele. Der waard al fluch opskaald nei in middelbrân. Dêrfoar binne de brânwachten fan Oerterp, Beetstersweach, Drachten en Burgum útriden.
Om't de tagongsdyk tige smel wie, koene net alle brânwachtweinen by de brân komme. Dochs wisten de brânwachtlju it fjoer ûnder kontrôle te krijen.