Kom yn de krystsfearen mei 'Kryst mei Douwe'

Kryst mei Douwe © Omrop Fryslân
Leafhawwers fan krysttiid kinne fan snein 4 desimber ôf wer ôfstimme op non-stop krystmuzyk fan Omrop Fryslân, útsocht troch Douwe Heeringa. 'Kryst mei Douwe' is fan dy dei ôf wer te beharkjen op ynternetradio's, www.krystmeidouwe.nl en de Omrop-webside en -app.
Presintator Douwe Heeringa hat foar de kommende krystperioade wer in ferskaat oan unike krystmuzyk útsocht. Want yn 'Kryst mei Douwe' hearst net de bekende klanken fan Wham! en Mariah Carey.
Mei de krysttiid yn it foarútsjoch hat Douwe Heeringa klassikers en modernere stikken útsocht dy't út alle dielen fan de wrâld komme. Tink oan muzyk út Skandinavië, Ingelân en Yndonezië.
De krystdagen binne it aldermoaiste mei 'Kryst mei Douwe' oan op de eftergrûn.
Douwe Heeringa
It ferskaat oan lannen is ek werom te hearren yn it soart krystmuzyk dat draaid wurdt op de stjoerder. "De krystdagen binne it aldermoaiste mei 'Kryst mei Douwe' oan op de eftergrûn", fynt Heeringa sels.
'Kryst mei Douwe is fan no ôf 24 oeren deis te beharkjen op www.krystmeidouwe.nl, de Omrop-webside en -app en op ynternetradio's.