Ut it libben: 'Jan PSP' en syn striid foar Ingelum

Jan Bakker (1934-2022) © eigen foto
'Jan PSP', sa waard er neamd yn it doarp. Op 21 septimber kaam Jan Bakker op 88-jierrige leeftiid te ferstjerren yn in fersoargingshûs yn Boalsert. Buro de Vries bringt syn ferhaal yn de rige 'Ut it Libben'.
Dat er 'Jan PSP' neamd waard, is gjin wûnder, want fan 1962 oant 1974 siet Bakker foar de Pacifistisch-Socialistische Partij (PSP) yn de rie fan Menameradiel.
Op dat plak sette hy him tolve jier lang yn foar syn politike idealen, mar ek foar syn doarp Ingelum. Jan Bakker wie boer en hie syn boerespultsje krekt bûten it doarp. Altyd wie er yn it spier foar it doarp en syn ynwenners en dêr stuts in soad tiid yn.
Nije huzen yn Ingelum yn 1969 © Eigen foto
Hy waard berne op de buorkerij Tsjerkeleane. Hy troude en wenne oan de Harnedyk oant er yn 1970 de troch syn heit boude buorkerij oan de Tilledyk oernaam.
Bakker hat him as riedslid en as lid fan de wenningkommisje Ingelum bot ynspand foar de komst fan nijbouhuzen yn it doarp.
Sels skreau hy dêr yn 1968 oer: "Daar Engelum een klein dorp is, dat volgens het dorpenplan van de Planologische Dienst in Friesland moet verdwijnen, omdat het geen zelfstandig bestaan kan leiden, is het in opstand gekomen. Een plaatselijke woningcommissie heeft er daarom een uitbreidingsplan voor Engelum doorgedrukt."

68 huzen foar Ingelum

De earste huzen waarden yn april 1969 oplevere en yn meardere fazen betsjutte dit dat it doarp der lang om let 68 wenten by krije soe en it ynwennertal hast ferdûbele. It wie in écht doarpsprojekt, opset mei de pleatslike arsjitekt, dêr't ek lokale ûndernimmers in soad wurk fan hiene.
Boppedat makke it plan in keapwenning berikber foar gewoane arbeidersminsken, in royaal hûs mei fjouwer sliepkeamers koste yn Ingelum doe nei ferrekkening fan subsydzje mar 18.000 gûne. Dat koe ûnderoare troch in erfpachtkonstruksje.
Njonken leafhawwers út eigen doarp, kochten ek minsken út Ljouwert, Den Haag, Delft en Amsterdam sa in nij hûs yn Ingelum.
Ut it plakboek fan Jan Bakker © Omrop Fryslân, René Koster
Jan Bakker wie in PSP'er. Binnen dy linkse partij foel er op om't er de iennichste boer wie. En yn it boerefermidden foel er op, om't er de iennichste PSP'er wie.
De PSP wie nei de Twadde Wrâldoarloch as politike partij ûntstien. As pasifistysk en sosjalistysk sette dizze partij him yn foar in earlike maatskippij sûnder wapens.
De oanhing wie benammen grut ûnder linkse studinten en âlderein dy't har oansprutsen fielden troch 'het gebroken geweertje'. Al wie Ingelum in read doarp, PSP'ers hiene je dêr net in soad. Mooglik hawwe de aksjes tsjin de fleanbasis - dy't ticht tsjin it doarp oan leit - wol soarge foar in bredere stipe.

Tsjin kearnwapens

Doarpsbewenners witte noch te fertellen dat Bakker sels mei striemin waar mei folders tsjin kearnwapens by de doarren del gie. Hy die dat ûnder it biedwurd: 'leaver no aktyf, as daalk radio-aktyf!'
'Ut it libben' oer Jan Bakker
Nei't er in jier of wat lyn raar kaam te fallen, ferhuze Bakker nei in fersoargingshûs yn Boalsert.
En al hong der prominint in grutte doarpsfoto op syn keamer en al frege der by eltse besite út it doarp wei "Noch nijs út Ingelum?", hy hat er dêr nea wer hinne wollen. Miskien om ôfstân te nimmen, mar miskien ek wol om't it him te sear die, sa wurdt tocht.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.