Skoalle Lyndensteyn yn Beetstersweach bestiet 60 jier en wol renovearje

Skoalle Lyndensteyn yn Beetstersweach © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Skoalle Lyndensteyn yn Beetstersweach bestiet dit jier 60 jier, mar is noch fol plannen foar de takomst. It radioprogramma Buro de Vries sjocht werom en foarút.
Yn oktober is it jubileum al fierd mei in reüny foar meiwurkers en âld-meiwurkers. Renske Hoekstra is ien fan dy âld-meiwurkers. Sy begûn yn 1968 as klasse-assistint en naam yn 2011 as personielsmeiwurker ôfskied. Dêr tuskentroch hat se noch administratyf meiwurker en direksjesekretaresse west.
Hoekstra hat in soad feroarjen sjoen en de grutste feroaring neamt se de omfang fan de skoalle. It begûn allegear as in lyts skoaltsje foar bern dy't refalidearren en dy't dei en nacht yn Beetstersweach wiene. Yn 1969 kamen der ek bern mei in ferstanlike beheining by en sa stadichoan kamen der ek hieltyd mear bern dy't nachts thús slepten.
Renske Hoekstra yn in gong fan de skoalle © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Op dit stuit sitte der sa'n 200 learlingen op skoalle, ferdield oer it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis. Lyndensteyn wurket gear mei de Burgemeester Harmsmaskoalle op De Gordyk.
Trochdat der hieltyd mear learlingen op skoalle kamen, is it gebou yn de rin fan de jierren in pear kear oanpast mei as gefolch dat it rommelich oandocht en net effisjint yndield is. Op dit stuit is Lyndensteyn drok dwaande mei plannen foar in folslein wer- en nijbou.
"It doel is om yn 2025 te begjinnen mei de ferbou, op ditselde plak. Dus it wurdt in kombinaasje fan ferbou en nijbou. Wylst wy bouwe, moat it ûnderwiis gewoan trochgean, dus dat is wol in útdaging" fertelt direkteur Cornelis Kappe.
Harkje nei de reportaazje fan Buro de Vries oer Lyndensteyn yn Beetstersweach
Kappe ferwachtet net dat it tal learlingen noch grutter wurde sil. "Ik tink earder dat it oarsom is: wy gean hieltyd mear ta op ynklusyf ûnderwiis en foaral foar it fuortset ûnderwiis sjoch ik dêr kânsen. Ik hoopje dat de learlingen oer in pear jier it fuortset ûnderwiis foar in grut part op in reguliere skoalle folgje kinne. Dan riede wy har better ta op har takomst en dat is ús opdracht."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.