Wat is in probleemwolf? Dêr wol Harry Oosterman it mei de minister oer hawwe

Harry Oosterman, foarsitter fan de Projectgroep Preventie Wolvenschade Fryslân © Omrop Fryslân
As foarsitter fan de Gebietskommisje Wolf sil Harry Oosterman moandei by minister Christianne van der Wal foar Natuer oantrúnje op de wolveproblematyk yn Drinte en Fryslân. Arbeid en probleemwolven, dat binne syn spearpunten.
Ferline moanne skatte de troch de Gebietskommisje ynstelde wolvekonsulint dat yn Fryslân noch mar sa'n 5.000 oant 10.000 euro subsydzje jûn is en dat hy noch mar 15-20 kear ynskeakele is troch Fryske feehâlders.
In soad ferlet fan de subsydzje is der dus noch net. "Yn Fryslân is dat jild absolút noch net útjûn", jout Oosterman ta. Dat wyst yn Drinte it budzjet ferhege wurdt.
"De wolf konsintrearret him benammen yn Súdwest-Drinte, dêr is de need frij heech." Dochs wol de foarsitter ek yn Fryslân mear rasters. "Wy moatte minsken oertsjûgje, want dy wolf komt dochs wol wer ris dizze kant op."
Minister Christianne van der Wal foar Natuer © ANP
Moandei sil Oosterman de kwestje yn Drinte foarlizze oan minister Van der Wal foar Natuer. "Wy hawwe in petear mei de minister om bekend te meitsjen watfoar problematyk der spilet. Arbeid en probleemwolven: dat moat gewoan better."

Wat is in 'probleemwolf'?

Neffens Oosterman moat it helder wurde wat krekt in 'probleemwolf' is. Is dat in wolf dy't gefaarlik foar minsken wurden binne, bygelyks trochdat se fuorre binne en te ticht by komme. Of is dat in wolf dy't faker beskerme fee deabyt?
Mar ek maatregels dy't wol naam wurde kinne tsjin wolven mei net-winske gedrach moatte dúdliker, fynt Oosterman.
"Wy hawwe ôfrûne wike sjoen dat sy sels mei in paintballgewear net ferjage wurde meie", seit Oosterman. De provinsje Gelderlân woe mei in ûntheffing foar it sjitten mei paintballgewearen besykje om de wolf te kearen, mar de rjochter hold dat plan tsjin.
Wolf © ANP
Mar ek as je beslute dat de wolf hjir wol heart, moat Nederlân de gefolgen akseptearje, sa is Oosterman fan betinken. "As je mei-inoar sizze: wy wolle dy wolf hawwe en yn 'frede' mei-inoar libje, dan moatte je ek sizze: wy steane as mienskip ek foar de arbeid." Dêrmei bedoelt hy de kosten.

Noed by terreinbehearders

Terreinbehearders (TBO's) lykas Steatsboskbehear, Natuermonuminten en Provinsjale Lânskippen sitte somtiden mei de hannen yn it hier, seit Oosterman. "Want de kosten foar it hâlden fan skiep yn natuergebieten rinne gigantysk op."
Mei allinne in raster binne je der nammentlik noch net. "Je moatte bygelyks ek soargje dat it gers ûnder it raster koart bliuwt, want oars lekt de stroom fuort. Dan is der mear mankrêft nedich, dat kostet tsientûzenen euro's. Dat hawwe sy gewoan net."

Mear ûnrêst en emoasje yn Drinte

Dat de situaasje yn Drinte oars is as yn Fryslân, hat ek mei de mate fan oerlêst te krijen, seit Oosterman, dy't ek foarsitter is yn Drinte. "Ik ken boeren dy't al sân oanfallen hân hawwe, dan wolle je ek wol in raster. De ûnrêst yn Súdwest-Drinte is echt grut."
Skiep efter stroomtried © ANP
Benammen by hynstehâlders is der noed, sa fernimt Oosterman yn Drinte. "Dy binne net benaud dat hynders deabiten wurde, mar dat se útbrekke en ûngelokken feroarsaakje. De emoasjes binne grut. Ferline wike sneon hiene wy in gearkomste mei grutte greidebedriuwen, mei sa'n 800-900 skiep. Dêr begjinne minsken te gûlen, om't minsken sjogge dat har bedriuw nei de bliksem giet."
Harkje nei it petear oer de wolf yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries
De kwestje is tige dreech. "Wat my wolris steurt, is dat by natuerorganisaasjes wolris maklik tocht wurdt: it giet om ien, twa skiep. Dat is al slim genôch, mar it is folle yngewikkelder. It is ferskriklik polarisearre."
En yn 'e midden fan it geraas sit de foarsitter fan de Gebietskommisje Wolf. "Ik besykje de ûnôfhinklike posysje fan de kommisje te behâlden, dêr sitte fertsjintwurdigers yn fan ferskate belangegroepen. Binnen de hjoeddeiske wet- en regeljouwing sykje wy de mooglikheden. Mar de polarisaasje makket it dreech om de diskusje op gong te krijen."