Hessel is mei de krystdagen net thús: hy rydt in fracht mûtsen nei Oekraïne

Hessel van Leeuwen © Omrop Fryslân
Syn baan hat er opsein om frijwilligerswurk te dwaan foar Oekraynske flechtlingen. Hy sit sûnt maart yn Poalen, en hy nimt syn frijwilligerswurk dêr sa serieus dat er mei de krystdagen nei nei hûs ta komt.
Hessel van Leeuwen fan Stiens wennet no oan de grins tusken Oekraïne en Poalen, en wurket by in organisaasje dy't flechtlingen en frijwilligers yn in krisisgebiet in dak boppe de holle jout.
Dy organisaasje, de Volunteer Housing Initiative, hat er sels opset, mei in Amerikaan, doe't er yn de gaten krige dat der net in soad help wie foar helpferlieners, dy't faak as frijwilliger komme en net in protte jild ha.
Hessel van Leeuwen © The Volunteer Housing Initiative
No't de krysttiid tichterby komt, wol Van Leeuwen wat ekstra's dwaan foar de minsken in Oekraïne. Dy ha it swier, seit er.
"Der binne dagen dat der gjin elektrisiteit is, en dan ha se faak ek gjin wetter. Se komme yn de stêd by mekoar, op in plak dêr't in generator stiet, sadat se de telefoan oplade kinne."
Yn it Oekraynske Irpin is de ravaazje noch hieltyd grut.
Van Leeuwen wol foar de ein fan it jier noch guod bringe nei de Oekraynske haadstêd Kiev. Mûtsen, sliepsekken, kearsen en generatoaren moatte de minsken dêr waarmte jaan. It guod sammelet er yn troch online in winskelist te publisearjen.
Wa't it wol, kin it guod fan syn winskelist bestelle by in ynternasjonale webwinkel, en leverje litte op it adres fan Van Leeuwen yn Poalen.
Hy bringt it guod sels oer nei Oekraïne. Mei de krystdagen moat it heve. Hy is dan dus net thús yn Stiens by heit en mem. "Mei âld en nij bin ik wer yn Nederlân. In wike. Dêrnei geane we wer mei in frachtauto dizze kant op."