Satelliten op 800 kilometer boppe de ierde sammelje gegevens oer Waadsee

In Sentinelsatellyt © ESA
Twa satelliten sammelje gegevens oer de Waadsee. Undersikers en behearders kinne dêrmei in better byld krije fan hoe't it giet yn it gebiet, ek mei it each op de takomst. Dat meldt RTV Noord.
Oant no ta wiene der allinnich út en troch mjittingen en gegevens fan fêste mjitpeallen. Nei in tarieding fan in pear jier is dêr sûnt koart help fan twa satelliten by kaam.

800 km heech

De twa Sentinelsatelliten fan de Europeeske romtefeartorganisaasje ESA sweve op in lytse 800 kilometer om de ierde hinne.
Alle fiif dagen meitsje se in opname fan ûnder oare it Waadgebiet. Dat bart mei spesjale kamera's dy't bylden meitsje dêr't in skat oan ynformaasje yn ferburgen leit. Sa is te sjen hoefolle glorofyl (blêdgrien) oft yn de Waadsee oanwêzich is en hoefolle slyk oft der yn it wetter sweeft.
Neffens projektlieder Rick Hoeksema fan Rykswettersteat binne dat twa faktoaren dy't tige wichtich binne foar it behear fan de Waadsee. Rykswettersteat is ien fan de organisaasjes dy't meidocht yn de Basismonitoring Wadden, dy't de satellytobservaasje yn gong set hat.

Grutte sprong

De slykmjittings wurde oant no ta dien mei mjitpeallen op fêste plakken yn it wetter. Se jouwe gjin byld fan de hiele Waadsee, seit Hoeksema tsjin ferslachjouwer Steven Radersma fan RTV Noord.

Blêdgrien

It mjitten fan blêdgrien is al fjirtich jier net dien. It barde allinnich op projektbasis, net langjierrich en net foar it hiele gebiet. Mei de satelliten kin dat wol, dat is echt in grutte sprong, neffens Hoeksema. Blêdgrien is wichtich foar it libben yn de Waadsee. Wat minder blêdgrien, wat minder fisken, fûgels en seehûnen der libje kinne.
De kleuren jouwe de konsintraasje blêdgrien yn it wetter oan © Rykswettersteat
Mei de gegevens fan de satelliten kin berekkene wurde wat it effekt is. Seker mei it each op de klimaatferoaring wol Rykswettersteat dat goed yn 'e gaten hâlde.

Slyk

In oare belangrike faktor binne de slykdieltsjes dy't yn it wetter omsweve. It foarkommen fan slyk yn it Waadgebiet is tige wikseljend. In mjitpeal op ien plak seit folle minder as datst it hiele gebiet kontinu folgest. Dat is echt in grutte mearwearde. Dan kinst bygelyks ek sjen wat it effekt fan baggerjen is, en yn hoefier't de fertroebeling fan it wetter fan ynfloed is op de groei fan algen.
De konsintraasje fan slyk yn de Waadsee © Rykswettersteat
Dêr brûkt Rykswettersteat no modellen foar. Dy foarsizze en foarkomme dat der problemen ûntstean, mar it is hiel moai ast dat live folgje kinst, seit Hoeksema.

Wettertemperatuer

Oer net al te lange tiid sille de satelliten ek ynformaasje sammelje oer de temperatuer fan it wetter. Mei it each op de klimaatferoaring is dat wichtich, seit Hoeksema.
In lytse feroaring yn de wettertemperatuer en in fisksoart fielt him net mear thús yn de Waadsee. Tenei is better te folgjen wat der bart. Sa is ek te sjen wêr't kuolwetter yn de Waadsee streamt. Ast dêr de algegroei en it foarkommen fan slyk neist leist, kinst sjen wat dêr de effekten fan binne, sa beslút Hoeksema.