Brede wolfeart relatyf heech op de Waadeilannen, leger op it fêste lân

Skylge
© Shutterstock.com (Bjorn Janson)
De Waadeilannen skoare goed yn it ûndersyk fan it CBS nei de brede wolfeart. Yn de rest fan Fryslân is de brede wolfeart leger.
Yn it ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) is sjoen nei 42 yndikatoaren. By it mjitten fan de brede wolfeart op basis fan dy yndikatoaren op dit stuit giet it ûnder oare om saken as "welzijn, materiële welvaart, gezondheid, wonen, milieu".
Fan Fryslân skoart Skylge it heechst. It Waadeilân stiet mei alve yndikatoaren by de heechste 25 persint. De gemeenten Noardeast-Fryslân en Harns skoare heech op de list mei de measte yndikatoaren yn it leechste fjirdepart fan alle gemeenten yn Nederlân.
Oer it algemien is de brede wolfeart dy't ûnderfûn wurdt troch Nederlanners de ôfrûne jierren better wurden of itselde bleaun.