Lelyline opnommen yn Europeesk TEN-T-netwurk

In rappe ynternasjonale trein fan Eurostar
© ANP
De Lelyline is opnommen yn it TEN-T netwurk. Dat hawwe de ministers fan 27 lidsteaten fan de Europeeske Uny moandei besletten.
Steatssekretaris Vivianne Heijnen fan Infrastructuur en Waterstaat neamt it in wichtige stap foar de komst fan it trasee, dat ek by Drachten en It Hearrenfean del gean moat, nei Grins en Bremen yn Dútslân. "Met dit besluit van de Transportraad staat de Lelylijn letterlijk op de kaart. Dat is een belangrijke en mooie stap op weg naar realisatie van de spoorlijn. Ik vind het ook wel mooi dat dit op Sinterklaas gebeurt."
Lelyline opnommen yn Europeesk TEN-T netwurk
"Natuurlijk is er nog heel veel werk te doen, maar dit Europese besluit helpt ons daarbij en daagt ons tegelijkertijd ook uit echt werk te maken van de Lelylijn."

TEN-T

TEN-T stiet foar Trans-Europeesk Transport Netwurk. Dat netwurk bestiet út far-, spoar- en autowegen, dy't allegear oan Europeeske standerten foldogge.
It beslút betsjut foar Nederlân dat Europa it belang fan de Lelyline ynsjocht. De spoarline makket no ek kâns op Europeeske subsydzjes.

'160 km/ oere net oeral helber'

TEN-T stelt hege easken oan de nije spoarlinen op it mêd fan snelheid. Dy snelheid fan 160 kilometer de oere sil foar de Lelyline net oeral helber wêze fanwege de sloppe grûn op guon plakken yn Fryslân en Grinslân. Steatssekretaris Heijnen makke dêrom op dit ûnderdiel in foarbehâld. Se hat it ynbrocht en sa 'agindearre', seit se.

Kearnnetwurk

De finânsjes fan de Lelyline moatte ek noch op in rychje set wurde. "We doen het stap voor stap. Nu is het van belang dat we ervoor kunnen zorgen dat de Lelylijn in het kernnetwerk wordt opgenomen."
De steatssekretaris praat takom wike yn it Noarden mei bestjoerders. Dan besjogge se mei-inoar wat de ferfolchstappen binne.
Steatssekretaris Vivianne Heijnen
Alles wat mei ynfrakstruktuer te krijen hat, is in saak fan lange azem, seit de steatssekretaris. Se fynt it bysûnder dat de Europeeske kollega's in spoarline dy't der noch net leit, opnimme yn it netwurk.
Dat komt ek omdat it Nederlânske regear mei de reservearring fan trije miljard euro sjen litten hat dat Nederlân it echt wichtich fynt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.