'Sneldichters' yn treinen en bussen Arriva foar sinteklaasgedichten

Dichter Dirk wurket oan in gedicht © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
Yn de treinen en bussen fan Arriva koene je moandei 'sneldichters' tsjinkomme. Dy koene noch moai helpe mei de gedichten foar sinteklaasjûn.
"Wy fine it sa no en dan aardich om ús reizgers op in ludike wize te ferrassen. It is pakjesjûn dus dêrom hawwe wy in Fryske sneldichter ynskeakele om moaie last minute gedichten foar minsken te meitsjen", sa fertelt Jacoba Hoeksma, wurdfierder fan Arriva.
Dichtsje yn de trein
Ien fan dy dichters wie Dirk, dy't earst yn de trein fan Ljouwert nei Snits minsken oan gedichten holp. Nei in lyts petear kaam der in folslein gedicht op papier.
Foar mem,
Hjoed sit ik yn 'e trein en wol ik dy wat sizze.
Ik genietsje yn it nije hûs, om der te wêzen.
Wat bist soms sa leaf, sa ien as dy mis ik nea.
Ik hoopje op in moaie dei, dêr tegearre mei dy.
In knuffel en in tút, dan is it ferhaaltsje út.
Mar Dirk hat ek tips foar it skriuwen fan in goed gedicht. Fansels binne rymwurden nedich en dat kin al hiel simpel troch 'do', 'jo', 'ko' of 'no' te brûken, mar it hert brûke is wat him oanbelanget it wichtichste.
"Tinken wat oan de kant sette. Earste dingen dy't binnenkomme gelyk opskriuwe. Echt út it hert wei. De pinne moat op it skriuwblok wêze. En do moatst fan gedichten hâlde en it omearmje. Sa kinst dysels ekspresje jaan", seit hy.

'Praat mar Frysk'

Dirk en noch in kollega ha ferskate bussen en treinen oandien en Arriva is hiel tefreden, sa fertelt Jacoba. "De reaksjes binne hartstikke moai. Minsken binne echt ferrast."
Neist it feit dat se fan in ludike aksje op syn tiid hâlde, fine se it ek wichtich om it Frysk sa folle mooglik te stypjen. "Wy ferfiere allegear reizgers dy't nei alle gedachten ek in protte wenje en wurkje yn Fryslân. De Fryske taal heart ek echt by ús. Sûnt 2014 stypje wy bygelyks ek de kampanje 'Praat mar Frysk'."