Kwealik animo foar waarmtekeamers Leger des Heils yn Fryslân

De 'waarmtekeamer' yn de Klomp © Omrop Fryslan
Der is noch gjin sprake fan drokte by de waarmtekeamers fan it Leger des Heils yn de provinsje. Yn ûnder oare Ljouwert, Snits, Drachten en Dokkum hat it leger romten iepen steld foar minsken dy't wol waarm sitte wolle.
Minsken dy't thús de kachel út ha omdat de rekken oars te heech wurdt, kinne dêr teplak. By de lokaasje fan it Leger des Heils yn de Ljouwerter buert Bilgaard binne de stuollen leech. Frijwilliger Tineke Oost hat der net fuort in ferklearring foar: "Misschien is het schaamte. Mensen die zien dat je hier naar binnenloopt en dan weten dat jij het moeilijk hebt."
Dochs tinkt se dat it ferlet der wol is. Dat sjocht se oan de drokte yn de kleanwinkel dy't se dêr ek ha. "Dan is de drempel lager. We zien dan ook dat mensen blijven hangen en toch ook een bakje koffie drinken."
Noch net drok by de waarmtekeamers
"It is wol wat nuver, dat it net folle drokker is", seit Leger des Heils-meiwurker Menno de Boer. Lanlik docht hy de publisiteit foar de waarmtekeamers. "We sjogge bygelyks dat it yn Den Helder hiel drok is, mar dat der yn Fryslân kwealik mear minsken komme." Allinnich yn Dokkum is it wat drokker, seit De Boer. "Friezen piipje miskien ek minder gau of it is dochs skamte."

"Earst in ekstra trui oan"

Dat tinkt ek ien fan de frijwilligers fan it Ljouwerter netwurksintrum De Klomp, ek in waarmtekeamer. "In soad minsken dogge earst thús in trui ekstra oan. Of eefkes ûnder in tekken op de bank."
Dochs hawwe se it yn De Klomp al in skoft drokker. "We zien dat al een tijdje dat er meer mensen komen. Dat is niet van de laatste weken", seit Nathan Oosterhuis. "Ik weet niet hoe dat kan. Ik zie ook niet echt dat er veel reclame voor gemaakt is. Het kan dus ook onbekendheid zijn."
Unbekend of net, de waarmtekeamers binne iepen foar elts dy't der gebrûk fan meitsje wol. "Iedereen is welkom", seit Tineke Oost. "De deur staat open en je kunt hier mooi even zitten." Dat jildt ek foar netwurksintrum De Klomp. "Kom gewoon, er is plaats voor iedereen."