Lomme Schokker

Beskûlgean

logo.ensafh

By beppe fielde ik my thús. Mocht graach en koe goed mei har prate.
‘Wat wer moai om mei dy te petearjen,’ sei se dan, as ik har hûs yn kaam.
No ja, sy koe goed mei my prate.
‘Och jonkje ju, moatst dy net drok meitsje … Sa slim is it net … As ien it kin, bisto it … Kinst folle mear as datst tinkst … Moatst gewoan dwáán en foaral gewóán dwaan … Hjir haw ik in koekje foar dy.’

Earste klasse Mulo. Tiisdeis en tongersdeis nei de pauze Frânsk fan Hospes, autoritêre pestkop sûnder ein. Nei elts proefwurk en skriftlike oerhearring boldere er, altyd wer ûnferwachts: ‘PENNEN NEER!’
Fuort dêrnei it aaklike Dútsk, mei dy ferfûlde nachbeiseite nammefallen.
Middeis frij. Nei it ôfraffeljen fan it húswurk brocht ik gauris in mieltsje jirpels, in pûde ierdbeien of guon fan heit syn lekkere gehakballen nei beppe. Earst myn geklei oer de gekkeboel op skoalle en de eangsten fan myn deistich bestean, dêrnei kaam sy te praat oer âlde tiden. Oer it libben fan har folk dy’t turfstekkers wienen …, oer stakings yn Appelskea …, oer in ferlosser mei de namme fan Domela …, oer it drege wippen fan de brêge tsjin in súdwesterstoarm yn.
Oan har iterstafel, mei midden op it swiere tafelkleed it skaaltsje mei moalkoekjes fan Vermeulen. Dy’t ik beskromme yn swarte tee dipte.
Burgen by beppe. Yn Mildaam, tusken wâld en wetter, tusken thús en skoalle, tusken wat wie en ûnûntkomber komme moast.

Want beppe, sjoch no ris.
Fyftich jier letter en de wrâld giet streekrjocht nei de barbysjes. Alles om ús hinne klapt yn- of útinoar. We ferkomme yn de problemen en, beppe, dit is noch mar it begjin. Wy moatte wol sjende blyn wêze om dat net te sjen. Der is gjin hâlden mear oan. Needsaaklike oplossings binne sa drastysk dat wy der net oan wolle. De iene helte wol oer links, de oare oer rjochts. Lykstrike, ploaie en skikke is net mooglik. Wy moatte nei de snijbank, want nimmen wol de kloaten ynlûke. Der is gjin grip, gjin útsjoch, gjin kontrôle, gjin útwyk, gjin gesach, gjin kundichheid, gjin rezjy. Of fan alles te min. Wy grieme mar wat om.

De koekjes reitsje op, beppe. Binne ek net mear te beteljen. Wy stikke aansendaliks yn it stof, fersûpe moarn subyt op it lân. Oan izeren kettingen fersaggerynje wy tusken wâl en skip, tusken wat moat en nea wêze sil.
Beppe, it sil der op oankomme. Wêr moat ik skûlje mei myn pakesizzers?

3 reaksjes op “Beskûlgean

  1. Potdory, wat in moaie kollum Lomme! Hy is my ûntkaam, oars hie ik earder reagearre!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *