Harry Oosterman fan Gebietskommisje Wolf hat goed gefoel oer besite minister

Harry Oosterman © Omrop Fryslân
Minister Christianne van der Wal fan Natuer en Stikstof hat ek nei in wurkbesite oan Drinte noch gjin oplossing foar it wolveprobleem. Dochs sjocht Harry Oosterman fan de Gebietskommisje Wolf net ûntefreden oer de besite.
Neffens Oosterman jout de minister yntusken ta dat der echt wol sprake is fan in probleem. "Ik begrijp de angst van veehouders heel goed. Je moet er niet aan denken dat je 's ochtends bij je dieren komt en een aantal is door de wolf verwond of gedood. Dat is vreselijk", twittere se.
Dat betsjut lykwols net dat se fan Nederlân in wolvefrij lân meitsje wol. "We zijn een klein land waar wolf, mens en gehouden dieren dicht op elkaar leven. Ik wil manieren vinden om samen te leven met de wolf, nu en in de toekomst."

"Beskerme status duorret noch jierren"

Oosterman koe dêr wol mei libje. "As je nei in oare beskerme status fan de wolf wolle, binne je noch jierren dwaande. En dan noch sil de wolf der wol wêze, dus we kinne se wol fuortstjoere, mar se komme oer de grins fansels wer werom."
Oosterman soe folle leaver ynsette wolle op it stypjen fan de hâlders fan fee. "Yn de praktyk sjogge we dat it setten, it fersetten en it yn oarder hâlden fan dy rasters in soad tiid en mankrêft freget en as it net in hiele grutte, winstjouwende business is, dan wurde de kosten sa heech dat it net mear út kin."

"Kompensearje de gefolgen"

De gefolgen fan it akseptearjen fan de wolf yn Nederlân, soenen kompensearre wurde moatte, fynt Oosterman. Neffens him like de minister ek wol gefoelich foar dat argumint.
Fierder moat der noch in soad leard wurde oer de wolf, fynt Oosterman. "We moatte noch in hiel soad útfine oer hoe't we dermei omgean moatte. We kinne in soad leare fan Dútslân en oare lannen, mar wy binne in lyts lân mei beheinde mooglikheden, dus wy moatte ús dêrop oanpasse. Op dit stuit hawwe we net folle oare mooglikheden as it fee beskermje mei rasters."