Persoan rekket slim ferwûne yn haven Lauwerseach

© CAMJO media
In persoan is swier ferwûne rekke yn de haven fan Lauwerseach. It slachtoffer is ynderhaast mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
Om 08.15 oere hinne kaam de melding dat der in persoan yn it wetter lei by skipswerf Next Generation Shipyards. Meardere helptsjinsten waarden alarmearre. De brânwacht fan Eanjum en Zoutkamp kamen om help te ferlienen. Ek in traumahelikopter en meardere plysjes waarden oproppen.
It is noch net bekend wat der krekt bard is.
Helptsjinsten manmachtich oanwêzich yn de haven fan Lauwerseach