Skiermûntseach ta oan dykferheging: "It liket in gewoane bulte, der komt in protte by te sjen"

Dyk fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Wetterskip Fryslân wol oer fiif jier op Skiermûntseach de kust sterker meitsje om sa oerstreamingen yn de takomst foar te kommen. In dykferheging moat de eilânbewenners en harren besittingen beskermje tsjin de gefolgen fan de klimaatferoaring.
"De ynrinsprekoeren wurden oant no ta noch net sa goed besocht", fertelt Johannes Veenstra, omjouwingsmanager Wetterskip Fryslân. Op it gemeentehûs op eltse earste tiisdei fan de moanne kinne minsken delkomme. "Wy sitte no middeis ek yn de biblioteek, dan is de drompel miskien wat leger."

Diken net sterk genôch

"In twa jier lyn hat der in keuring west, dêr die bliken dat de dyk net sterk genôch is oan de bûtenkant", leit Veenstra út. "Ek yn it dunetrajekt leit der op guon stikken net genôch sân tusken de kearing en de Noardsee. Dan moatte je oan it wurk, de saak sterker meitsje."
Der wurdt no al oer neitocht, mar it sil pas oer fiif jier barre. Dat is net omdat it in dreech trajekt is, seit Veenstra. "Technysk sjoen net, mar wy sitte yn it Waadgebiet. As je in dyk sterker meitsje wolle moatte je faak heger en as je heger wolle moatte je faak breder. Dan komme je oan de romte."
Boppedat moat der sjoen wurde nei hoe't de dyk ferbettere wurdt. "It kin tradisjoneel of op moderne wize. It kin heger, heger en heger en dan is it oer safolle jier wer oan bar. Miskien moatte je dat ris oars dwaan."
De Noardsee by Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"Dêrnjonken hawwe it Ryk, de provinsje en it Wetterskip ek duorsumensambysjes." Veenstra leit út dat de dyk gewoanwei ferbettere wurde soe mei asfalt, stien en klaai, dat fierwei komme moat. "Dat hat in grutte CO2- en stikstofútstjit. Dat wolle wy eins oars."
Dat kin ek oars: der leit ek slyk en sân yn de Noardsee. "De fraach is watfoar kwaliteit oft dat slyk hat en as dat sa rypje kin dat dat in goede klaaisoart wurdt."

Ynfloed op natuer

"De dyk fersterkje foar de kommende fyftich jier slagget wol, mar wy sjogge ek fierder foarút." Neffens Veenstra kinne je net ûneinich opheegjen bliuwe. "Miskien moatte je wol oer nei in wetterkearjend lânskip. It soe ek kinne dat de dyk mear in sêfte oergong wurdt tusken natuer en lânbou."
It sjocht derút as in gewoane bulte, mar der komt folle mear by te sjen.
Johannes Veenstra, omjouwingsmanager by Wetterskip Fryslân
Veenstra hopet yn elts gefal op in opsje dy't de natuer sa min mooglik beynfloedet. "Miskien kinne je de dyk sa bouwe dat it allegear moai yn inoar oer rint. Dat besykje wy ek."
Minsken hawwe neffens Veenstra gauris de opfetting dat in dyk in ienfâldige ferheging is. "It sjocht derút as in gewoane bulte, mar der komt folle mear by te sjen." Om minsken better te ynformearjen jout it Wetterskip dêrom yn jannewaris in masterclass 'diken foar begjinners'.