Wrakstikken boatûngelok by Skylge boppe wetter helle

De Tiger op de dei fan it ûngelok © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Dûkers fan de marine hawwe tiisdei en woansdeitemoarn wrakstikken fan it deadlike boatûngelok yn it Skûtegat by Skylge boppe wetter helle. De ûnderdielen wiene earder mei sonar fûn.
De Lanlike Ienheid fan de plysje docht ûndersyk nei it ûngelok en sil de brokstikken brûke foar in rekonstruksje fan it ûngelok. Neffens de plysje stiet der in sterke streaming op it plak fan it ûngelok en wiene de wrakstikken ek al diels ûnder in laach sân ferdwûn.
De dûkers hawwe woansdei ekstra dûken makke om te sykjen nei it lichem fan de 12-jierrige jonge, dy't sûnt it ûngelok noch hieltyd fermist is, mar se hawwe neat fûn.
By it ûngelok op 21 oktober tusken de snelboat Tiger en de wettertaksy Stormloper foelen 4 deaden, wêrfan't it 12-jierrige jonkje dus noch hieltyd fermist is. Wannear't der mear dúdlik wurdt oer de útkomsten fan it ûndersyk, falt neffens de plysje net te sizzen.
Dennis Janus fan de plysje
De plysje kin net oanjaan om watfoar stikken fan watfoar boat oft it giet omdat dat diel fan it ûndersyk is. "Het zijn puzzelstukken die helpen bij de reconstructie. We gaan de geborgen stukken onderzoeken op sporen en mankementen", seit Dennis Janus fan de Lanlike Ienheid.
Ek wurdt sjoen nei de oarsaak. "Mocht er sprake zijn van verwijtbare schuld bij een of meerdere mensen dan kan er een proces-verbaal volgen en mogelijk strafvervolging."
Janus hopet foar alle partijen dúdlikheid jaan te kinnen, mar dat kin noch wol in skoft duorje. "Scheepsongevallen zijn langdurige onderzoeken. Het moet secuur gebeuren. Dat is vervelend, maar het is vervelender als we dingen missen of verkeerd doen."