LTO sjocht posityf nei opkeapregeling foar boeren

Foarsitter Trienke Elshof-Witteveen fan LTO Noord
© ANP
Lânbou-organisaasje LTO sjocht net ôfwizend nei de opkeapregeling fan boerebedriuwen dy't útlekt is út de kabinetsplannen. Mar it moat noch blike hoe't it yn de praktyk útwurket, fynt Trienke Elshof, foarsitter fan LTO Noord.
"Dizze regeling foldocht oan wat Remkes advisearre hat yn syn rapport", seit Elshof. "Dêryn stiet dat it kabinet komme moat mei in oantreklike regeling foar boeren dy't dermei ophâlde wolle. It liket derop dat it kabinet dit oernommen hat."
Yn de plannen stiet dat boeren by natuergebieten dy't te folle stikstof útstjitte, útkocht wurde tsjin in bonuswearde fan 120 persint fan de taksaasjewearde fan harren bedriuw. Sa'n 3000 boeren, dy't sjoen wurde as pykbelesters op dy natuergebieten, krije takom maitiid fan it kabinet in oanbod om útkocht te wurden. De regeling is frijwillich, mar as de boer der net op yngiet en troch wol, dan moat hy of sy foldwaan oan strange miljeuregels.

'Bliuwers moatte fierder kinne'

Elshof sjocht ek dat dy oanpak de frijwillichheid wol foar in grut part fuortnimt. "Der komt mear druk op sokke bedriuwen om harren oan te passen. Bliuwers moatte wol fierder kinne yn dy gebieten."
De frijkommen stikstofromte troch de útkeap fan bedriuwen komt neffens de regels fan de oerheid automatysk foar in part ta oan herstel fan de natuer. Dêrnei moat it as earste brûkt wurde foar legalisaasje fan de PAS-melders, seit Elshof. "Dy sitte al fierstente lang yn ûnwissichheid en krije no ek rjochtsaken oan harren broek. Fierder kin de oerheid de romte dan brûke foar bygelyks de bou of de oanlis fan ynfrastruktuer."
PAS-melders binne bedriuwen dy't yn it ferline ûnder de doe besteande wetlike regels gjin natuerfergunning nedich hienen. Se hoegden allinnich in melding te dwaan by de oerheid. Yn 2019 sette de Ried fan Steat in streek troch de PAS-regeling.
Sûnt dy tiid operearje sokke boeren eins yllegaal, omdat se gjin natuerfergunning ha. De eardere minister fan lânbou, Carola Schouten, sei by de ôfskaffing fan de PAS dat se sa gau mooglik in oplossing foar de PAS-melders sykje soe. Dat is oant no ta net slagge.

Juridyske prosedueres

Miljeuorganisaasje Mobilisation for the Environment, MOB, fan Johan Vollebroek, is op ferskate plakken al juridyske prosedueres start tsjin sokke bedriuwen. Yn Oerisel hat in rjochter sa'n bedriuw al in krimp oplein op straffe fan in grutte twangsom.
Elshof fynt wol dat de neidruk by de oplossing fan it stikstoffraachstik te folle leit op it útkeapjen fan bedriuwen. "Wy wolle graach witte hoe't it komt mei de bliuwers. Dat is foar ús tige wichtich. Dêr binne noch in soad fraachtekens oer. En dat hinget as in soarte fan swurd fan Damokles boppe de agraryske sektor."