Amaryllis skriuwt fan 'misbegryp' oer foarsjenningen De Hofwijck

Fokje Minkema-Zijlstra, ien fan de bewenners fan de oanleunwenten © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Amaryllis is mei in reaksje kaam op de krityk op dat foarsjenningen fan soarchsintrum De Hofwijck net mear beskikber binne foar bewenners fan de oanleunwenten. Neffens Amaryllis is der sprake fan in misbegryp.
De Hofwijck is fan fersoargingshûs in ferpleechhûs wurden en allinnich de bewenners kinne gebrûk meitsje fan de mienskiplike romten. Eigener KwadrantGroep joech oan gjin jild mear te krijen foar it iepenstellen foar de âlderein dy't selsstannich wennet.
Der waarden nei krityk fan bewenners fan oanleunwenten en har famylje fragen steld yn de gemeenteried. Soarch- en wolwêzensorganisaasje Amaryllis hat no in brief oan de gemeente stjoerd.

Tagong

Tiisdei hawwe gemeente Ljouwert, KwadrantGroep, Elkien en Amaryllis oerlis hân. Der sil sjoen wurde nei in oplossing foar it dochs iepenstellen fan de tagong binnentroch foar bewenners fan de oanleunwenten nei it winkeltsje, de fysioterapy, de kapper en pedikuere. De bewenners krije dêr noch in brief oer.
Amaryllis lit yn in ferklearring witte dat bewenners fan de oanleunwenten al sûnt maart 2020 hieltyd minder gebrûk meitsje kinne fan aktiviteiten fan de KwadrantGroep yn De Hofwijck.
De reden dêrfoar wie net allinne de coronakrisis, mar ek de transysje fan fersoargingshûs nei ferpleech- en soarchhotel. Dêrtroch binne de oanleunwenten mear selsstannige apparteminten foar âlderein fan Elkien wurden, sûnder ferbining mei de KwadrantGroep.

Aktiviteiten

Ek it oanbesteegjen fan Wmo-soarch oan ûnder oare Amaryllis bestiet al sûnt ferline jier. Amaryllis neamt it in 'misbegryp' dat Amaryllis de taak op him nimme soe om aktiviteiten yn De Hofwijck te organisearjen.
Under de Wmo-stipe falt wol de 'eerstelijnszorg' fan it sosjaal wykteam fan Amaryllis, mar aktiviteiten foar oanleunbewenners falle dêr net ûnder. Dat is net feroare sûnt KwadrantGroep eigen aktiviteiten opset foar bewenners fan De Hofwijck.
Amaryllis organisearret wol út himsels aktiviteiten foar ynwenners fan Ljouwert, lykas in kofjemoarn op de bernebuorkerij. Amaryllis wiist fierder op de aktiviteitekommisje fan de oanleunwenten fan De Hofwijck. De gemeente en Elkien stypje dy kommisje om lokaasjes te finen en Amaryllis helpt by de organisaasje.