Moasje foar Fryske heechlearaar yn Twadde Keamer én ekstra keamerdebat op kommendewei

Twadde Keamerlid Romke de Jong fan D66 © Omrop Fryslân
It wittenskiplik ûnderwiis yn it Frysk moat wetlik ferankere wurde. Dat stiet yn de moasje dy't de Fryske Keamerleden Habtamu de Hoop (PvdA) en Harry van der Molen (CDA) dizze wike yntsjinje by de begruttingsbehanneling fan it ministearje fan Underwiis.
D66-Twadde Keamerlid Romke de Jong seit yn in earste reaksje dat er de moasje 'sympatyk' fynt. "Ik bin der tige wiis mei dat dit ûnderwerp heech op de aginda stiet", seit De Jong, dy't sels gjin ûnderwiiswurdfierder is. "Foar it fuortbestean fan it Frysk moatte je in tal rânebetingsten goed regelje, en dêr heart de heechlearaar Frysk seker by."
Earder makke de Rijksuniversiteit Groningen bekend dat taalwittenskipper dr. Anne Merkuur oansteld is as universitêr dosint dy't yn de takomst de posysje fan âld-heechlearaar Goffe Jensma ynfolje kinne soe.

Ekstra debat

Op inisjatyf fan de Twadde Keamerleden Stieneke van der Graaf (ChristenUnie) en De Jong komt der noch foar it krystreses in ekstra keamerdebat oer de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) mei minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.
Doel fan it debat is om it Fryske taalbelied yn de nije BFTK in triuw yn de rêch te jaan. "It kabinet moat him mear ynspanne foar it Frysk", is De Jong fan betinken. "Mei de nije bestjoersôfspraak tusken Ryk en provinsje stiet in soad op it spul. Wy moatte no trochpakke en de minister meijaan om fol yn te setten op Frysk taalûnderwiis en ynnovaasje."

Moasjes yn it Frysk

Om de urginsje oan te jaan soe De Jong it moai fine om safolle mooglik moasjes yn it Frysk foarlêze te litten - mei in oersetting yn it Nederlânsk dêrby - yn de Twadde Keamer. "Wy hawwe no in soad Friezen yn de Keamer. As de minister dat sjocht en heart sil it grif helpe."
De Jong en Van der Graaf, dy't sels út Grinslân komt, binne fan betinken dat guon Fryske saken fierstente lang lizzen bliuwe yn Den Haag. It lêste oerlis yn de Twadde Keamer oer it Fryske taalbelied waard de ôfrûne simmer skriftlik fierd. Dêrnei duorre it mar leafst fiif moanne foardat minister Bruins Slot mei antwurden kaam, ta argewaasje fan De Jong.
Twadde Keamerlid Romke de Jong oer de heechlearaar Frysk yn Grins
Wat de minister Bruins Slot sels fan doel is mei de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer wurdt mooglik al wat mear dúdlik op tongersdei, as sy de Rede fan Fryslân hâlde sil op it Provinsjehûs oer de takomst fan de Fryske taal.