Raketoanfallen op Kiev soargje foar stroomútfal; kjeld wurdt probleem

© Jorrit Schreuder
Op Kiev binne justermiddei ferskate raketoanfallen útfierd. De gefolgen binne grut. De stroom falt op alle fronten út. Ek by de famylje Schreuder. En dat wylst it de ôfrûne wike eins wol rêstich wie.
En dêr't it yn syn wenplak Kiev noch reedlik te dwaan is, sjocht Schreuder wol dat it oan de frontlinys folle mâler giet en de minsken it folle minder hawwe. "Ik seach dat yn Cherson hûndert raketten foelen. Hjir ha we krekt as oeral alle dagen black-outs fan stroom. As we gjin stroom ha, dan ha we ek gjin ferwaarming." De kjeld wurdt noch in probleem. "Yn jannewaris wurdt it min tweintich en soms yn de nacht min tritich, dan wurdt it min."
Jorrit Schreuder yn de snie
Yn Kiev binne minsken harren huzen kwyt. Yn de stêd binne ek in soad flechtlingen. "In soad minsken wenje by famylje en freonen yn de stêd of fierderop yn it lân. Us buorlju gean nei Frankryk dêr't se in dochter ha, dy ha it hjir wol besjoen."
Schreuder bliuwt noch, ek om't syn bern it noch sa nei it sin ha op skoalle. "Lêsten koenen se in dei net nei skoalle fanwegen it loftalarm en doe't it berjocht kaam dat se wer nei skoalle koenen, stienen se te springen."
Hy bliuwt nuchter. "It is itselde as mei covid, it is de nije werklikheid. It went. Wol ha ik de hoop dat as alles foarby is, wannear't dat dat ek is, minsken de enerzjy ha om it lân wer op te bouwen mei help fan Europa en Amearika."
Jorrit Schreuder
Yn Fryslân wenje in soad Oekraynske flechtlingen, mar wylst de oarloch noch yn folle gong is, wenje dêr ek noch hieltyd Friezen yn Oekraïne. Jorrit Schreuder fan Beetstersweach is sa'n Fries om utens. De kommende tiid docht hy syn ferhaal by ús.